Fluch oan:

Wat nimme jo mei nei it gemeentehûs?

Erkennen earste bern

  • Beide âlden komme tegearre nei de ôfspraak. Nim jo legitimaasjebewiis mei.

Erkennen twadde of folgjende bern

Betingsten erkenning

  • Stiet de mem net yn Nederlân ynskreaun? Dan moat sy bewize dat sy net troud is. Dat kin mei in net-troudferklearring.
  • Jo moatte minimaal 16 jier wêze om in bern erkenne te kinnen.

Wat is wichtich om te witten?

As jo it bern fóár de berte erkenne, dan:

  • Krijt it bern by de berte de Nederlânske nasjonaliteit, as ien of beide âlden Nederlanner binne.
  • Krijt de heit of duomem in (dielde) finansjele ferantwurdlikheid foar it bern.
  • Untstiet der in erfjochtlike bân tusken de heit of duomem en it bern.
  • Hat it bern fuortdaliks by de berte twa juridyske âlden. De heit of duomem stiet fuortdaliks as âlder op de berte-akte.

Alderlik gesach oanfreegje

Op 1 jannewaris 2023 feroarje de regels oer gesach. Ek âlden dy’t net troud binne, of gjin registrearre partnerskip hawwe, krije mienskiplik gesach troch in erkenning nei 1 jannewaris 2023.

Hawwe jo foar 1 jannewaris 2023 in bern erkend? Dan jilde de ‘âlde’ regels.

Wolle jo witte hokker situaasje der foar jo jildt? Besjoch it skema Gesach troch erkenning (iepenet yn in nij ljepblêd).

Nammekar earste bern

  • Erkenne jo it bern foar de berte? En is dit it earste bern fan jo en jo partner? Dan kinne jo derfoar kieze dat it bern de efternamme fan de heit, de (duo)mem of in dûbele efternamme krijt. Dat dogge jo by de erkenning. Beide partners tekenje dêrfoar persoanlik de akte fan erkenning fan it net-berne bern op it gemeentehûs.
  • Dogge jo dat net? Dan krijt it bern automatysk de efternamme fan de mem. De folgjende bern krije automatysk deselde efternamme as it earste bern.

Kosten

It erkennen fan in bern is fergees.

Regelje by feroaringen yn jo libben

Der feroaret wat yn jo libben. Dit neame wy in libbensbarren. Soms bart dit ûnferwachts, soms planne jo it sels. Op de website fan de Ryksoerheid (iepenet yn in nij ljepblêd) fine jo ynformaasje oer wat jo regelje kinne en witte moatte.

Fragen

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.