Ik ha in bystânsútkearing en krij ynkomsten
Jou dy ynkomsten binnen 7 dagen oan ús troch. Ek al wikselje wy ynformaasje út mei de Belestingtsjinst en oare organisaasjes, dit is jo eigen ferantwurdlikheid. Dogge jo dat net? Dan betelje wy mooglik net it juste bedrach oan jo út. De tefolle betelle útkearing moatte jo werombetelje. Wurkje jo neist jo útkearing? Dan wurde jo beleanne trochdat jo ekstra jild krije as jo parttime wurkje of wurkjen gean. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Ekstra jild by parttime wurk en útkearing.