Fluch oan:

Wenoerlêst (oerlêst fan jo buorman)

In melding kin spanning jaan. As it MOL immen lâns stjoert, kin dat heftich oerkomme by jo buorman. Probearje dêrom earst tegearre in oplossing te finen. Sa komme jo rúzje tefoaren en is de kâns grutte dat jim relaasje goed bliuwt. Ek hoege jo net te wachtsjen op in reaksje fan it MOL.

6 tips om mei-elkoar yn gesprek te gean 

  1. Wês kalm
    Fiele jo jo boas of irritearre? Wachtsje dan oant jo wer kalm binne, foar’t jo yn gesprek gean. As jo kalm binne, is de kâns grutter dat jo buorman ek sa reagearret.
  2. Kies in momint dat jo en jo buorman goed útkomt
    Ferwachtsje net dat jo buorman fuortdaliks tiid hat. Praat tegearre in momint ôf dat it jim beide útkomt. Kenne jo jo buorman net goed? Stel foar om tegearre in bakje kofje of tee te drinken.  
  3. Lis út wat foar oerlêst jo ûnderfine
    Lis út wat de oerlêst mei jo docht. Harkje ek nei jo buorman. Miskien hat dy net troch dat jo oerlêst ûnderfine. Of is der in goede ferklearring foar de oerlêst. Probearje begrip te krijen foar jo situaasje en tagelyk begrip te hawwen foar de situaasje fan jo buorman.
  4. Sykje tegearre nei in oplossing
    Miskien moatte jim beide wat minder strang wêze yn jo winsken om tegearre ta in goede oplossing te kommen. Probearje in goede middenwei te finen.
  5. Meitsje dúdlike en maklik helbere ôfspraken
    Meitsje ôfspraken dêr’t jim jim beide oan hâlde sile.
  6. Komme jim der lykwols noch net mei-elkoar út
    Hiere jo in wenning? Jou de oerlêst troch oan jo ferhierder. Bygelyks Elkien (iepenet yn in nij ljepblêd) of WoonFriesland (iepenet yn in nij ljepblêd). Is it jo eigen wenning? Nim kontakt op mei Buertbemiddeling. (iepenet yn in nij ljepblêd) Sy helpe jo fergees. Sy kieze gjin partij en helpe jo by it finen fan in oplossing.

Hawwe jo al dizze tips probearre en ûnderfine jo noch altyd oerlêst?

Meitsje in melding (iepenet yn in nij ljepblêd) by it Meldpunt Oerlêst Ljouwert. Dat kin net anonym. It Meldpunt Oerlêst nimt binnen 4 oant 6 wiken kontakt mei jo op. 

Oare oerlêst

Giet it om oare oerlêst as wenoerlêst? Bygelyks hingjongeren, drugsgebrûk,of agressyf gedrach.  Meitsje dan in melding (iepenet yn in nij ljepblêd) by it Meldpunt Oerlêst Ljouwert. Dat kin net anonym. It Meldpunt Oerlêst nimt binnen 4 oant 6 wiken kontakt mei jo op. 

Driuwende melding

Foar in driuwende melding belje jo mei de plysje. Telefoannûmer 0900-8844. By direkt gefaar belje jo 112. 

Melding wen-, wurk- en leefomjouwing

Wolle jo wat melde oer jo wen-, wurk- en leefomjouwing (iepenbiere romte)? Bygelyks in melding oer ûnkrûd, loslizzende stoepetegels, ôffaldumpen, swalkôffal, graffity, lûdsoerlêst fan bedriuwen en evenminten, gefaarlike ferkearssituaasjes of oerlêst fan fjoerwurk. Gean nei de side Melding wen-, wurk- en leefomjouwing of Klacht yntsjinje (iepenet yn in nij ljepblêd).

Gjin oerlêst, mar wol soargen

Underfine jo gjin oerlêst, mar meitsje jo jo wol soargen? Bygelyks oer in buorman dy’t yn in tige fersmoarge wenning wennet. It buorfamke dat opfallend faak blauwe plakken hat. Of jo fermoede kriminaliteit. Meitsje in melding by de goede ynstânsje. 

Meldpunt soarchlik gedrach

Hawwe jo soargen oer immen? Bygelyks omdat immen betize liket of net mear goed foar himsels soargje kin. Gean nei de websideGGD Fryslân (iepenet yn in nij ljepblêd). 

Meld Misdaad Anoniem

Hawwe jo fermoedens oer kriminele aktiviteiten? Gean nei de webside Meld Misdaad Anoniem (iepenet yn in nij ljepblêd). 

Veilig thuis

Hawwe jo soargen oer húslik geweld, berne- of âldereinmishanneling, in fechtskieding of seksueel geweld? Gean nei de webside Veilig Thuis Friesland (iepenet yn in nij ljepblêd). 

Bistebeskerming

Is der in bist yn jo omjouwing dat ferwaarleazge of mishannele wurdt? Gean nei de webside Dierenbescherming (iepenet yn in nij ljepblêd). 

Fragen

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.