AV Frieso Compleet (Kollektive soarchfersekering)
As jo in leech ynkommen hawwe en hege soarchkosten, dan is de kollektive soarchfersekering AV Frieso Compleet in goede kar. Jo binne dan goed fersekere foar minder jild. De gemeente hat de kollektive soarchfersekering ôfsletten by soarchfersekerder De Friesland.
Wêrom AV Frieso?
De gemeente Ljouwert fynt it wichtich dat elkenien in goede soarchfersekering hat. Dêrom helpt de gemeente minsken mei in leech ynkommen en hege soarchkosten. Mei AV Frieso binne jo goed fersekere. Omdat jo nei alle gedachten ek noch rjocht hawwe op soarchtaslach, hoege jo noch mar in bytsje preemje te beteljen. Koartsein: lege kosten foar in goede fersekering.
Wat jo witte moatte
De kollektive soarchfersekering AV Frieso Compleet bestiet út in basisfersekering en in oanfoljende fersekering. Hawwe jo al in basisfersekering fan De Friesland? Dan kinne jo op elk momint oerstappe nei AV Frieso Compleet.
Binne jo no fersekere by in oare soarchfersekerder?
Jo kinne oerstappe nei de kollektive soarchfersekering AV Frieso Compleet. Doch dit foar 1 jannewaris. Fan 1 jannewaris ôf binne jo dan fersekere fia AV Frieso Compleet.
Preemje en eigen risiko 2025
- Jo preemje foar de basisfersekering is € 156,25 per moanne.
- Jo preemje foar de oanfoljende ferskering (AV Frieso Compleet) is € 32,30 per moanne.
- De totale preemje bedraacht dan € 188,55 per persoan per moanne.
- It eigen risiko is € 385,-.
Rjocht op soarchtaslach?
Check ienfâldich fia webside Dat Geldt voor Mij oft jo rjocht hawwe op soarchtaslach. Dêrtroch kin it bedrach foar jo leger wurde.
Ha ik rjocht op de fersekering?
De fersekering is foar ynwenners fan Ljouwert mei in leech ynkommen en net folle sparjild. De gemeente sjocht nei hoefolle jild jo fertsjinje en hoefolle sparjild jo hawwe. Hawwe jo in efterstân mei it beteljen fan jo soarchfersekering? Of binne jo oanmeld as wanbeteller by it CAK? Dan kinne jo net gebrûkmeitsje fan de AV Frieso Compleet.
Yn de tabel fine jo mear ynformaasje oft jo yn oanmerking komme foar de fersekering:
| 125% (netto ekskl. fakânsjetaslach) | Allinnichsteande (âlder) | Troud persoan |
|---|---|---|
| Leeftiid | Moanne | Moanne |
| 18-20 jier, thúswenjend | € 401,35 | € 802,70 |
| 18-20 jier, útwenjend | € 1.604,64 | € 2.280,27 |
| 21 jier oant AOW-leeftiid | € 1.625,76 | € 2.322,51 |
| AOW-leeftiid | € 1.817,12 | € 2.487,79 |
| Ferbliuw yn in ynrjochting | € 571,02 | € 926,97 |
| Fermogen | Bedrach |
|---|---|
| Allinnichsteand persoan | € 7.770,- |
| Allinnichsteand persoan (allinnichsteande âlder) en troud/by-inoar wenjend persoan | € 15.540,- |
Fergoedingen kollektive soarchfersekering AV Frieso Compleet
Op de webside fan De Friesland fine jo mear ynformaasje oer de fergoedingen.
Oanmelde
Oanmelde foar de AV Frieso Compleet dogge jo fia de webside Gezondverzekerd. Jo hawwe in DigiD nedich.
Check sels online regelingen en taslaggen
Wolle jo mear witte oer gemeentlike regelingen of taslaggen, lykas hiertaslach of ekstra jild om sporte te kinnen? Doch in check op de webside Dat Geldt voor Mij en jo witte fuortdaliks wêr’t jo rjocht op hawwe en hoe’t jo dat oanfreegje kinne.
Gratis advyspetear
Wolle jo leaver mei-inoar sjen wat foar jo jildt? Freegje dan in gratis petear oan op de webside fan Dat Geldt voor Mij.
Mear ynformaasje of help nedich?
Mar ynformaasje fine jo op de pagina Wolle jo help by Jildsaken en Skulden?