Ekstra jild foar as jo langer as 3 jier in leech ynkommen hawwe
As jo 3 jier of langer in leech ynkommen hawwe en jo ynkommen wurdt foarearst net heger, dan hawwe jo mooglik rjocht op ekstra jild fan de gemeente. Dat hjit yndividuele ynkommenstaslach. Jo kinne elk jier opnij in yndividuele ynkommenstaslach oanfreegje. Jo bepale sels wat jo mei dit jild dogge. Hoefolle oft jo krije, hinget ôf fan jo type húshâlden.