Wurkje by de gemeente Ljouwert
By de gemeente Ljouwert binne wy altyd op ’e syk nei minsken mei likefolle ambysje as wy.
Iepensteande fakatueres
Op de website Wurkje by Ljouwert (iepenet yn in nij ljepblêd) fine jo fakatueres dêr’t jo op sollisitearje kinne. Stiet der no gjin fakatuere foar jo tusken? Biuw op ’e hichte fan de nijste fakatueres troch jo oan te melden foar in Job Alert (iepenet yn in nij ljepblêd).
Tydlike fakatueres
Foar tydlike fakatueres en opdrachten wurket de gemeente Ljouwert mei in Ynhierdesk. De Ynhierdesk regelet alles foar it personiel dat ynhierd wurdt. Bygelyks as it giet oer útstjoeren, payrolling, detasjearring of zzp’ers.
Wolle jo as detasjearder of zzp’er kontakt? Mear ynformaasje fine jo op de website fan de Ynhierdesk (iepenet yn in nij ljepblêd).
Staazjeplak, ôfstudearopdracht of wurkûnderfiningsplak
Meastal hawwe de ôfdieling dêr’t jo staazjerinne wolle (fakôfdieling) en de skoalle streekrjocht kontakt mei-inoar. De fakôfdieling fertelt de skoalle of oplieding krekt hokker mooglikheden der binne en wat de gemeente siket. Ynformearje dêrom earst op jo skoalle of oplieding.
Kiest in fakôfdieling foar in fakatuere, los fan de kontakten mei de skoalle? Dan wurdt dit staazjeplak, dizze ôfstudearopdracht of dit wurkûnderfiningsplak pleatst op de website WerkenInFriesland (iepenet yn in nij ljepblêd).
Mear fakatueres by oerheidsorganisaasjes yn Fryslân
Dy fine jo op de website Werken in Friesland (iepenet yn in nij ljepblêd). Jo fine dêr ek ynformaasje oer bygelyks:
- Opliedingen
- Treningen
- Projekten
- Mediation
- Karriêre-advys
Fluch oan: