Fluch oan:

Doel

It wichtichste doel fan it belied wenjen mei soarch is dat jo as ynwenner fan de gemeente Ljouwert, ek as jo mear soarch nedich hawwe, selsstannich wenjen bliuwe kinne. Dêrneist fine wy it wichtich dat jo de soarch sa ticht mooglik by jo eigen omjouwing ûntfange kinne én dat dizze soarch goed fol te hâlden is foar de helpferlieners. Om dit doel te berikken, wurkje wy yn Ljowuert mei trije typen ‘sônes’: Basis, plus en top. Yn in sône basis is de soarch op ôfspraak, yn in sône plus is de soarch tichtby en yn in sône top is de soarch altyd oanwêzich.

De sônes

Sône basis

Yn in sône basis wenje jo selsstannich, yn in wenning dy’t net perfoarst soarchgeskikt is. Der is soarch op ôfspraak mooglik en der is in plak om oare buertbewenners te moetsjen. It útgongspunt is dat elkenien dy’t yn in doarp of wyk wennet, yn elk gefal de foarsjenningen fan in sône basis hat.

Sône plus

Yn de sône plus wenje jo, krekt as yn in sône basis, ek selsstannich en is de soarch op ôfspraak. Hjir binne mear helpferlieners yn ’e buert, dus is wat ekstra ûndersteuning tichtby. Dêrneist binne der yn de sône plus klustere wenningen. Hjir kinne jo selsstannich wenjen bliuwe, ek as de soarchfraach tanimt. Wy sette ús yn om de sônes plus sa goed mooglik oer de gemeente te sprieden, sadat in klustere wenning noait fier fuort is.

Sône top

Hawwe jo in soad soarch en ûndersteuning nedich? Yn in sône top is der 24 oeren en spesjalistyske soarch beskikber. Hjir kinne jo selsstannich yn in wenning wenje of net selsstannich yn in soarchynstelling. De sônes top binne op in pear plakken yn de gemeente beskikber. In soad soarchynstellingen yn dizze sônes hawwe in opknapbeurt nedich om se yn de takomst brûke te kinnen.

Yn de trije sônes basis, plus en top stimulearje wy dat fitale buertbewenners mear omsjogge nei minder fitale buertbewenners. Dêrneist sette wy yn om de soarch en ûndersteuning per gebiet tûker te ferdielen ûnder de helpferlieners. Ta beslút wolle wy derfoar soargje dat der skielk genôch klustere wenningen binne, dêr’t jo ek mei in soarchfraach langer selsstannich wenjen bliuwe kinne. It stribjen is om oant en mei 2040 op syn minst 1.100 klustere wenningen by te bouwen.

Reagearje op it beliedskader

It beliedskader Wenjen mei soarch ynklusyf taheakken, leit fan moandei 13 maaie oant en mei moandei 24 juny op ynsjen op it gemeentehûs.

Sjenswize yntsjinje

Binne jo it mei bepaalde punten net iens? Dan kinne jo jo reaksje jaan troch in offisjele sjenswize yn te tsjinjen. De reaksjes wurde troch it kolleezje fan boargemaster en wethâlders meinommen as it plan foarlein wurdt oan de gemeenteried.

Planning

  • Fan 13 maaie oant 24 juny leit it beliedskader op ynsjen.
  • Yn septimber of oktober wurdt it beliedskader foarlein oan de gemeenteried. Sy stelle it kader fêst.

Fragen?

Stjoer in e-mail nei wonen@leeuwarden.nl of nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.