Fluch oan:

Iepeningstiden stimburo’s

Op 6 juny 2024 kinne jo jo stim útbringe fan 07:30 oant 21:00 oere.

Stean jo om 21:00 by it stimburo yn ’e rige?

Dan kinne jo stean bliuwe en jo stim útbringe.

Wolle jo nei 21:00 oere sjen by it tellen?

Jo binne wolkom. Wol ferwachtsje wy fan jo dat jo jo hâlde oan de ynstruksjes fan de stimburoleden.

Meinimme nei it stimburo

  • Jo stimpas. Mear ynformaasje oer bygelyks jo stimpas, folmacht, kiezerspas fine jo op de side Stimme by de ferkiezingen.
  • Jo identiteitsbewiis. Dit bewiis mei op 6 juny 2024 maksimaal 5 jier ferrûn wêze. By ‘geldig tot’ moat dus 7 juny 2019 of in lettere datum stean.

Wat binne jildige identiteitsbewizen

  • Nederlânsk paspoart
  • Nederlânske identiteitskaart
  • Nederlânsk rydbewiis
  • Nederlânsk ferbliuwsdokumint
  • Paspoart, identiteitskaart of rydbewiis út in EU-lân, Yslân, Liechtenstein of Noarwegen
  • Paspoart of identiteitskaart út Switserlân

Foar mear ynformaasje oer jildige identiteitsbewizen kinne jo ek de webside fan de Kiesraad besjen.

Hawwe jo gjin identiteitsbewiis?

Machtigje immen oars om foar jo te stimmen. Dit hjit in fersyk ta folmacht. Dy moat op syn letst op 3 juny 2024 troch de gemeente ûntfongen wêze. Mear ynformaasje fine jo op side Stimme by de ferkiezingen.

 

Stimme mei in beheining

Mear ynformaasje fine jo op de side Stimme mei in beheining.

Fragen of mear ynformaasje?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.