Urginsjeferklearring Fryske gemeenten
Soms hawwe jo fluch in oare wenning noadich. Bygelyks omdat jo slimme medyske problemen hawwe, dakleas binne of in soarchynstelling ferlitte. Yn dy bysûndere situaasjes kinne jo miskien in urginsjeferklearring krije. Op dizze pagina fine jo mear ynformaasje en kinne jo jo oanmelde. Dit jildt foar alle 18 Fryske gemeente.
Hawwe jo driuwend in oare wenning noadich
De Urginsjeferoardering – in earlikere ferdieling fan wenningen troch feroaring yn de Húsfestingswet.
De wenningneed is grut. Just dêrom is it belangryk dat der genôch betelbere wenningen komme én dat der in earlike ferdieling fan wenningen is oer de hiele provinsje Fryslân. In oantal kwetsbere groepen falt no faak tusken wâl en skip. Dat moat oars. Dêrom komt der in regeling foar dizze minsken dy’t fluch in hûs nedich hawwe, de Urginsjeferoardering. Dêrmei komt der in earlikere ferdieling fan sosjale hierwenningen foar dizze kwetsbere ynwenners yn de hiele provinsje. En krije dizze minsken as dat nedich is ûndersteuning by it selsstannich wenjen. Hjir wurkje de 18 Fryske gemeenten oan, yn ’e mande mei de wenningkorporaasjes en oare partijen.
Mei-inoar nimme wy ferantwurdlikheid foar in goed thús foar de kwetsbere ynwenners yn Fryslân.
De folgjende groepen kinne mooglik in urginsjeferklarring krije:
- minsken dy’t mantelsoarch ûntfange of ferliene;
- minsken dy’t fanwegen in slime en groanyske medyske situaasje driuwend oare húsfêsting noadich hawwe;
- minsken dy’t útstreame út maatskiplike opfang;
- minsken dy’t útstreame út beskerme wenjen;
- minsken dy’t útstreame út de geastlike sûnenssoarch;
- minsken dy’t útstreame út jeugdhelp mei ferbliuw;
- minsken dy’t útstreame út detinsje;
- minsken dy’t útstreame út de opfang foar slachtoffers fan húslik geweld of minskehannel;
- minsken dy’t dielnimme oan in útstapprogramma foar ophâldende sekswurkers;
- Statushâlders.
Dakleaze gesinnen mei minderjierrige bern
Foar gesinnen mei minderjierrige bern dy’t dakleas binne, wurkje wy oan in oanfullende regeling. Dat dogge wy yn oparbeidzjen mei organisaasjes dy’t hjirby belutsen binne. It doel is om dizze groep fan 2027 ôf ek yn oanmerking komme te litten foar in urginsjeferklearring.
Kom ik yn oanmerking foar in urginsjeferklearring
Hjirûnder fine jo de dokuminten dy’t sûnt desimber 2024 mei de Fryske gemeenten dield binne:
- 11 maart2025: Parsberjocht – Fryske gemeente soargje mei-inoar foar fluggere húsfesting kwetsbere groepen. (iepenet yn in nij ljepblêd)
- 16 desimber 2024: Oplizzer by ynformaasjepakket Húsfestingsferoardering urgint wenningsykjenden Fryslân. (iepenet yn in nij ljepblêd)
- 16 desimber 2024: Untwerp Húsfestingsferoardering urgint wenningsykjenden Fryslân – Algemien. (iepenet yn in nij ljepblêd)
- 16 desimber 2024: Sintrumgemeenteregeling gearwurking oangeande de Húsfestingsferoardering urgint wenningsykjenden Fryslân. (iepenet yn in nij ljepblêd)
- 16 desimber 2024: Riedsfoarstel. (iepenet yn in nij ljepblêd)
- jo DigiD;
- in jildich identiteitsbewiis (wannear’t jo de oanfraach net digitaal oanfreegje);
- in bewiis fan ynskriuwing as wenningsykjende.
Oanfullende dokuminten
Der binne dokuminten noadich dy’t jo situaasje ûnderbouwe. Ofhinklik fan jo situaasje kin dat wêze:
- in medyske ferklearring;
- stikken oer in skieding of relaasjebeëiniging;
- in ferklearring fan in helpferliener;
- bewiis fan ferbliuw yn in opfang- of soarchynstelling; oare relevante dokuminten.
Wat hawwe jo nedich foar in oanfraach
De Urginsjeferoardering – Mear earlike ferdieling fan wenningen troch feroaring yn de Húsfestingswet.
De wenningneed is grut. Just dêrom is it belangryk dat der genôch betelbere wenningen komme én dat der in earlike ferdieling fan wenningen is. In oantal kwetsbere groepen falt no faak tusken wâl en skip. Dat moat oars. Der komt in regeling foar dizze minsken dy’t fluch in hûs nedich hawwe, de Urginsjeferoardering. Dêrmei komt der in earlikere ferdieling fan sosjale hierwenningen foar dizze kwetsbere ynwenners yn de hiele provinsje. En krije dizze minsken as dat nedich is ûndersteuning by it selsstannich wenjen. Hjir wurkje de 18 Fryske gemeenten oan, yn ’e mande mei de wenningkorporaasjes en oare partijen.
Kwetsbere groepen
De groepen wenningsykjenden dy’t ekstra fluch in hûs nedich hawwe (de urginsjegroepen) binne mantelsoarchferlieners/-ûntfangers, minsken mei in earnstige en groanyske medyske eftergrûn. En minsken út maatskiplike opfang, út beskerme wenjen, út de GGZ, út jeugdhelp, út detinsje, of útstap út prostitúsje. De Fryske gemeenten hawwe mei-inoar ôfpraat dat hjir noch in groep wenningsykjenden by heart, nammentlik statushâlders. Gemeenten sille dizze minsken, neist wat der no al dien wurdt, ekstra helpe om oan in sosjale hierwenning te kommen. Gemeenten binne mei dizze nije wetjouwing ferplicht foar dizze minsken in regeling, de Urginsjeferoardering, op te stellen. Dit mei as doel foldwaande wenningen foar dizze urginsjegroepen beskikber te meitsjen. Yn de nije wet wurde ek de omskriuwingen fan de neamde groepen, de urginsjegroepen, wettelik fêstlein.
Gelikense kânsen
De wenningsykjenden dy’t hjir neamd binne, falle no ek al binnen de grutte groep fan alle wenningsykjenden. Mar om’t sy driuwend in hûs nedich hawwe, krije se mei de nije wet foarrang op oare wenningsykjenden. Op dizze wize hawwe se yn alle gemeenten yn Nederlân gelikense kânsen op in hûs. Ek sette alle gemeenten har dan op deselde wize yn foar dizze kwetsbere minsken. En krije se in kâns op in passend hûs.
Tawizing en regels
Minstens twa tredde fan de wenningen dy’t frijkomme foar ferhier gean nei wenningsykjenden dy’t op eigen krêft in wenning sykje kinne. Maskimaal in tredde is foar dy minsken dy’t fluch in hûs nedich hawwe, de urginsjegroepen. Gelikense regels foar elke gemeente soargje derfoar dat de tawizing yn elke gemeente itselde is. Dêrom wurdt dizze Urginsjeferoardering yn 2025 troch elke gemeente yn Fryslân fêststeld.

Kinne of wolle jo net digitaal oanfreegje
Ynkoarten fine jo op dizze pagina it pdf- oanfraachformulier. Jo kinne it formulier opstjoere nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it gemeentehûs.
Beoardieling fan jo oanfraach
Wy besjogge jo oanfraach goed. Soms freegje wy advys oan bygelyks in dokter, helpferliener of oare saakkundige.
Beslút fan jo oanfraach
Jo ûntfange skriftlik berjocht.
Urginsje takend
Der wurdt in wenning foar jo socht. Hoe fluch oft dit giet hinget ôf fan de beskikberheid en spesifike easken dy’t oan de wenning steld wurde.
Urginsje ôfwiisd
Jo ûntfange skriftlik útlis fan ús. Binne jo it net iens mei it beslút op jo oanfraach? Dan kinne jo binnen 6 wike in beswierskrift yntsjinje.
Oanfreegjen urginsjeferklearring
Wurkje jo mei oan de urginsjeferoardering en hawwe jo fragen? Stjoer in e-mail nei urgentieverordening@leeuwarden.nl.
Jo rjochten
- jo krije in soarchfâldige beoardieling fan jo oanfraach;
- jo ûntfange in dúdlike útlis oer ús beslút;
- binne jo it net iens mei it beslút’? dan kinne jo beswier meitsje.
Jo plichten
- jo ferstrekke ynformaasje dy’t kloppet en folledich is;
- jo jouwe wizigingen yn jo situaasje direkt troch;
- jo bliuwe ek sels aktyf sykjen nei in passende wenning wannear’t wy jo oanfraach foar in urginsjeferklearring ûntfongen hawwe;
- jo nimme in wenning oan dy’t by jo past as dy oan jo oanbean wurdt.
Beswier meitsje
Binne jo it net iens mei it beslút op jo oanfraach? Dan kinne jo binnen 6 wike in beswierskrift yntsjinje.
Rjochten en plichten

- de Fryske gemeente gearwurkje;
- der 1 sintrale beoardieling fan de oanfragen plakfynt;
- hjirtroch jilde oeral deselde regels en wurdt elke oanfraach op deselde manier beoardiele.
De 18 Fryske gemeenten, wenningkorporaasjes en organisaasjes dy’t minsken helpe wurkje gear oan de Fryske Urginsjeferoardering. Dêrtroch jilde yn hiel Fryslân deselde regels foar it oanfreegjen en beoardieljen fan in urginsjeferklearring. Sa soarge wy mei-inoar foar:
- in earlike ferdieling fan sosjale hierwenning;
- gelikense behanneling fan ynwenners yn hiel Fryslân;
- stipe foar ynwenners dy’t dat noadich hawwe;
- in passende wenoplossing foar minsken yn in kwetsbere situaasje.
Wêrom freegje jo urginsje oan fia gemeente Ljouwert
Fragen
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: