Fluch oan:

Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?

Download it dokumint Sosjale Medyske Yndikaasje Berneopfang (PDF, 99,69 KB) en folje it yn. Stjoer it dokumint op nei de Gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Hoe giet it fierder?

In meiwurker fan de gemeente bellet jo binnen 6 wiken foar yn intakepetear. De meiwurker wol earst graach mear witte oer jo situaasje. Dat kin troch in telefoanysk petear of in petear by jo thús. Mei-inoar wurdt nei in passende oplossing socht. De gemeente lit jo binnen 2 wiken nei it petear witte oft jo in SMI krije en hokker diel fan de kosten de gemeente fergoedet. As der in soad oanfragen tagelyk binne, kin it wat langer duorje. Dat lit de gemeente jo dan witte.

Let op: In fergoeding mei in SMI start pas as de gemeente in beslút nommen hat. De gemeente fergoedet gjin kosten foar berne-opfang dy’t makke binne foar it beslút.

Hoe faak mei jo bern nei de berne-opfang mei in SMI?

De meiwurker fan de gemeente bepaalt it oantal deidielen dat needsaaklik is. Yn it beslút fan de gemeente stiet hoe faak oft jo bern nei de berne-opfang mei.

Hoe berekkenje wy jo fergoeding?

Wy jouwe in persintaazje fan de maksimale oerepriis foar de berne-opfangtaslach as temjittekomming yn de kosten. De rest moatte jo sels betelje.

Wy berekkenjen it persintaazje op deselde manier as de berne-opfangtaslach. Dat dogge wy op basis fan jo ynkommen en de berne-opfangtaslachtabel. Mear ynformaasje hjiroer fine jo op de webside fan de Belestingtsjinst.

De maksimale oereprizen foar 2026 binne:

  • Dei-opfang € 11,23
  • Bûtenskoalske opfang € 9,98
  • Gastâlderopfang € 8,49

Wachtlisten berne-opfangorganisaasjes

Hâld der rekkening mei dat der in wachtlist wêze kin by de berne-opfangorganisaasje. Freegje nei by de berne-opfangorganisaasje wannear’t der in plak foar jo bern beskikber is. In SMI jout gjin foarrang op de wachtlist.

Oare mooglike oplossingen