Digitaal Opkeapers Register (DOR) en Digitaal Opkeapers Loket (DOL)
Keapje jo geregeld twaddehâns guod en ferkeapje jo dat wer? As dizze hannel mear is as in hobby, moatte jo jo ynkeapen byhâlde yn it Digitaal Opkeapers Register (DOR). Jo moatte jo ek oanmelde by de gemeente as hanneler. Dat moat fia it Digitaal Opkeapers Loket (DOL). Allebeidet is wetlik ferplichte.
Guod registrearje yn it DOR
Hannelers dy’t brûkt en ûngeregeld guod keapje, lykas elektronika, meubels of sieraden, binne wetlik ferplichte har ynkeapen te registrearjen yn it Digitaal Opkeapers Register (DOR). It DOR is ferbûn mei in plysjedatabase mei stellen guod. As jo in ynkeap registrearje, kin de plysje kontrolearje oft it miskien om in stellen foarwerp of produkt giet. Troch jo administraasje folslein en netsjes by te hâlden, helpe jo mei om hieling tsjin te gean.
Oanmelden DOL
Sûnt 1 jannewaris 2025 moatte hannelers har by de gemeente oanmelde fia it Digitaal Opkeapers Loket (DOL). Troch dy oanmelding wurde wurksumheden offisjeel registrearre en wurde gegevens goed fêstlein.
Oanmeitsjen DOL account
- gean nei de webside Digitaal Opkeapers Loket (iepenet yn in nij ljepblêd);
- log yn mei jo DOR account;
- hawwe jo gjin DOR account? Meitsje in nij account oan yn it DOL. (Der wurdt dan automatysk in DOR account oanmakke.);
- folgje de stappen om jo registraasje ôf te rûnjen.
Mear ynformaasje
Mear ynformaasje oer it DOR fine jo op de webside fan it Centrum voor Criminaliteitspreventie en Veiligheid (iepenet yn in nij ljepblêd). Op dizze webside fine jo ek mear ynformaasje oer it DOL (iepenet yn in nij ljepblêd).
Wet- en regeljouwing
De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal) (iepenet yn in nij ljepblêd).
- Algemiene Pleatslike Feroardering (APV) Ljouwert
Fragen
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: