Fluch oan:

Wêr oanfreegje?

By de gemeente Ljouwert as jo hjir wenje, of as jo wenplak yn Nederlân yn de gemeente Ljouwert wie.

Hawwe jo nea yn Nederlân ynskreaun west?

Freegje de ferklearring dan oan by it Nederlânske Konsulaat yn it lân dêr’t jo trouwe wolle.

Hoe oanfreegje?

Oan de baalje op it gemeentehûs.

As alle dokuminten folslein binne, krije jo de ferklearring fuortdaliks mei. Jo betelje kontant of mei de pin oan de baalje. Wolle jo wis wêze dat de dokuminten korrekt en folslein binne? Stjoer in e-mail nei burgerzaken@leeuwarden.nl. De orizjinele dokuminten nimme jo mei nei it gemeentehûs.

Oer de post

Kinne of wolle jo de ferklearring net oan de baalje op it gemeentehûs oanfreegje? Freegje it dan oan oer de post:

  • Stjoer earst in e-mail nei burgerzaken@leeuwarden.nl. Stjoer de dokuminten mei dy’t nedich binne foar in oanfraach. Wy kontrolearje oft de dokuminten korrekt en folslein binne.
  • Stjoer dêrnei de dokuminten op oer de post. Wy advisearje jo dit mei oantekene post te dwaan.
  • Jo krije in rekken oer de post.

Wat hawwe jo nedich?

Jo hawwe deselde dokuminten nedich as foar in houlik yn Nederlân:

Hokker dokumint?

Wêr of wannear nedich?

Ekstra útlis

In jildich legitimaasjebewiis. Altyd. Paspoart, identiteitskaart of rydbewiis.
In echtskiedingsakte of akte fan ûntbining fan in registrearre partnerskip of in rouakte. As jo earder troud west hawwe, of in partnerskip hân hawwe, en de akte noch net registrearre is yn de basisregistraasje persoanen (BRP). De echtskiedingsakte, of akte fan ûntbining, freegje jo oan yn de gemeente dêr’t jo troud binne/it partnerskip oangien binne. De rouakte freegje jo oan yn de gemeente dêr’t jo partner stoarn is.
In resint ôfskrift fan jo berte-akte en dy fan jo partner. Altyd. Dit ôfskrift freegje jo oan yn it plak dêr’t jo berne binne.
Ferklearring fan wenplak/nasjonaliteit/boargerlike steat. As jo of jo partner yn it bûtenlân wenje/wennet. Dizze ferklearring freegje jo oan yn de gemeente dêr’t jo wenje.
Legalisaasje. Soms moat in dokumint legalisearre wêze. Mear ynformaasje fine jo op de website fan de Ryksoerheid.
Oersetting. As in akte net yn it Nederlânsk, Dútsk, Frânsk of Ingelsk is. As stikken fan beëiniging fan it houlik/partnerskip net yn it Nederlânsk, Dútsk of Ingelsk binne. Oersetting troch in oersetter yn de Nederlânske taal dy’t yn Nederlân beëdige is.

Hoe lang jildich?

Maksimaal 6 moannen fan de datum dat jo de ferklearring krije ôf.

Kosten

€ 29,-.