Subsydzje Transysjefersneller MKB
De subsydzje helpt it MKB yn de gemeente Ljouwert om maklik te ynvestearjen yn in konkreet projekt. Sa kinne bedriuwen better taret wêze op de takomst. Undernimmers kinne subsydzje oanfreegje foar ferskillende projekten binnen har bedriuw. Jo kinne de subsydzje digitaal oanfreegje.
Kinne of wolle jo net digitaal oanfreegje
In digitale oanfraach wurdt flugger ferwurke as in skriftlike oanfraach. Jo kinne maklik ynlogge op ús subsydzjeportaal mei E-werkenning of DigiD. In soad fan jo gegevens wurde dan automatysk ynfuld.
Wolle jo dochs skriftlik oanfreegje?
Download it Oanfraachformulier Subsydzje Transysjefersneller (iepenet yn in nij ljepblêd) en folje it yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.
Wat hawwe jo nedich foar in oanfraach
- In begrutting fan de kosten foar it projekt.
- In planning fan de wurksumheden.
- As it om in omskoalling fan jo of 1 fan jo meiwurkers giet dan moate jo dêr in bewiis fan meistjoere fan in sertifisearre oanbieder.
- jo moatte oantoane kinne dat mei dizze subsydzje de grins foar finansjele stipe fan de oerheid net oerskrieden wurdt oan de hân fan in ynfulde de-minimisferklearring (iepenet yn in nij ljepblêd).
Wannear is dizze subsydzje mooglik wat foar jo
Jo wolle jo bedriuw klearmeitsje foar de takomst, mar de kosten binne in drompel. Mei dizze subsydzje wurdt it makliker om dochs te starten. Jo kinne tinke oan it flugger oerstappen op duorsume enerzjy, it starten fan in sirkulêr projekt, it automatisearjen fan jo wurk of it omskoaljen fan jo personiel. Dizze subsydzje jout jo krekt dat ekstra steutnsje om jo plan út te fieren.
Wêrfoar kinne jo subsydzje krije
Jo kinne ienmalich subsydzje ûntfange foar 1 fan de folgjende aktiviteiten:
- Jo ûntwikkelje of fiere in projekt út binnen jo eigen bedriuw. Dit projekt helpt by it flugger oerstappen op duorsume enerzjy, it wurkjen mei wergebrûk (sirkulêr), it automatisearjen fan prosessen of past by 1 fan de 4 grutte feroaringen:
- fan fossyl nei wernijber.
- fan lineêr nei sirkulêr.
- fan analooch nei digitaal.
- fan soarch nei positive sûnens.
- It ferbetterjen fan de kânsen op wurk en de fleksibiliteit fan hjoeddeistich en takomstich personiel binnen de boppeneamde feroaringen. Dat kin bygelyks troch omskoaljen by in erkende oplieder.
Jo krije allinnich subsydzje foar kosten dy’t direkt hearre by jo projekt of ynvestearring, sa’t jo dy beskriuwe yn it oanfraachformulier. De kosten moatte bydrage oan de ekonomyske doelen út it beliedskader Ekonomyske Untwikkeling 2023-2030.
Betingsten
- Jo kinne allinnich subsydzje oanfreegje foar in dúdlik projekt of in dúdlike ynvestearring binnen 1 fan de transysjetema’s. It projekt mei gjin normaal ûnderdiel wêze fan jo deistich wurk. Foarbylden: in softwarebedriuw dat ynvestearret yn syn eigen software, of in sinnepanielbedriuw dat panielen keapet om troch te ferkeapjen. Ek detasjearringsbedriuwen dy’t ynvestearje yn omskoaljen fan útliend personiel kinne gjin subsydzje krije.
- Jo projekt is klear foar de takomst. Jo gean dermei troch nei de subsydzjeproseduere, of it moat yn it foar dúdlik wêze dat it tydlik is. Ek as it ophâldt, hat it noch effekt.
- Jo projekt is dúdlik en konkreet. Jo beskriuwe wat jo dwaan sille, wannear en wat it opsmyt (SMART).
- Jo krije allinnich subsydzje foar in echte ynvestearring. Jo krije gjin subsydzje foar allinnich in advysrapport sûnder útfiering.
- Jo hawwe in bedriuw dat winst meitsje wol en ynskreaun stiet by de Kamer van Koophandel. Jo bedriuw sit yn de gemeente Ljouwert. Bedriuwen dy’t noch ‘yn oprjochting’ binne, kinne gjin subsydzje krije.
- Jo ynvestearring is minimaal € 2.000,-
- Jo tsjinje jo oanfraach yn tusken 1 jannewaris 2026 en 31 desimber 2026.
- Aktiviteiten dy’t al falle ûnder de subsydzjeregeling netbewuste bedriuwichheid fan de gemeente Ljouwert komme net yn oanmerking foar dizze subsydzje.
Hichte subsydzje
Jo kinne 50% fan it totale ynvestearringsbedrach foar in konkreet projekt subsidiearre krije. Yn totaal is der € 100.000,- beskikber foar de subsydzjeregeling. It maksimale subsydzjebedrach is € 5.000,-. It minimale subsydzjebedrach is € 1.000,-.
Hokker transysjes binne der
- Transysje fan in lineêre nei in sirkulêre ekonomy:
- Yn in sirkulêre ekonomy wurde materialen sa lang mooglik, sa heechweardich mooglik en sa feilich mooglik brûkt. Dat betsjut yn foarst dat minder grûnstoffen en materialen brûkt wurde, twad dat oare grûnstoffen en materialen brûkt wurde en tred dat materialen en produkten optimaal en yntinsyf (wer)brûkt wurde.
- Transysje fan fossile nei wernijbere enerzjy:
- De enerzjytransysje is de oergong fan it brûken fan fossile enerzjy nei enerzjy út wernijbere boarnen. Wernijbere enerzjy komt út boarnen dy’t hieltyd opnij oanfuld wurde, sa as de wyn, de sinne, de ierde, wetterkrêft en biomassa. Ferbrûk fan wernijbere enerzjy liedt dêrneist ta minder útstjit fan broeikasgassen as ferbrûk fan fossile enerzjy.
- Transysje fan soarch nei (positive) sûnens:
- In fûnemintele ferskowing yn de sûnenssoarch, dêr’t de fokus by ferlein wurdt fan sykte en beheiningen nei sûnens, spankrêft en eigen rezjy.
- Transysje fan analooch nei digitaal:
- De ferskowing nei it brûken fan digitale technologyen om prosessen en prestaasjes te ferbetterjen. It giet hjiryn bygelyks om it automatisearjen fan wurksumheden om effisjinter en effektiver wurkje te kinnen.
Wet- en regeljouwing
De folgjende regeljouwing fine jo op ’e website fan Overheid.nl (lokaal) (iepenet yn nij tabblêd) (iepenet yn in nij ljepblêd):
- Subsydzjeregeling Transysjefersneller MKB gemeente Ljouwert 2026.
Fragen
Hawwe jo in idee of sjogge jo in kâns yn jo bedriuw, mar gean jo graach earst yn gesprek mei in accountmanager fan it team Ekonomyske Saken fan de gemeente Ljouwert? Gean nei de website Ondernemendleeuwarden (iepenet yn in nij ljepblêd) foar de kontaktgegevens fan jo accountmanager.
Fluch oan: