Subsydzje Lytse produksjes kultuer
Organisearje jo binnen de gemeente Ljouwert in kulturele aktiviteit? Of meitsje jo in produkt, lykas in boek? En draacht de aktiviteit of it produkt by oan it kulturele oanbod yn de gemeente Ljouwert? Freegje dan Subsydzje Lytse produksjes kultuer oan.
Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?
Download dan it oanfraachformulier Subsydzje Lytse produksjes kultuer en folje it yn. Stjoer it formulier op nei de Gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.
Wat binne de betingsten?
- De te organisearjen aktiviteit moat besocht wurde kinne, of it boek moat kocht wurde kinne, troch de ynwenners fan de gemeente Ljouwert.
- De aktiviteit of it produkt moat bydrage oan it kulturele oanbod yn de gemeente Ljouwert.
- Jo kinne per oanfraach maksimaal € 5.500 subsydzje oanfreegje. Per jier kinne jo maksimaal € 11.000 subsydzje oanfreegje. De subsydzje kin maksimaal 50% fan de kosten bedrage dy’t makke wurde foar de organisaasje fan de aktiviteit.
Hokker bylagen moatte jo by jo oanfraach taheakje?
- In aktiviteiteplan. Beskriuw de oanlieding, doelstelling en motivearring fan de aktiviteit.
- De oanfragen wurde beoardiele troch de Advysgroep Kultuer oan de hân fan in skoarelist. Dat is de prioriteitelist yn de Regeling subsydzje lytse produksjes kultuer 2023. Besteegje yn jo plan ek oandacht oan de punten út dizze list.
- De begrutting.
Wannear moatte jo oanfraach en bylagen by ús binnen wêze?
It jier is ferdield yn 4 perioades. Jo kinne jo oanfraach net oanfolje as de eindatum al west hat.
Perioade 1: 1 jannewaris oant en mei 31 maart
Jo oanfragen en bylagen moatte uterlik op 1 oktober foarôfgeand oan perioade 1 by ús binnen wêze.
Perioade 2: 1 april oant en mei 30 juny
Jo oanfragen en bylagen moatte uterlik op 1 jannewaris foarôfgeand oan perioade 2 by ús binnen wêze.
Perioade 3: 1 july oant en mei 30 septimber
Jo oanfragen en bylagen moatte uterlik op 1 april foarôfgeand oan perioade 3 by ús binnen wêze.
Perioade 4: 1 oktober oant en mei 31 desimber
Jo oanfragen en bylagen moatte uterlik op 1 july foarôfgeand oan perioade 4 by ús binnen wêze.
Wet- en regeljouwing
De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside fan Overheid.nl (lokaal).
- Regeling Subsydzje Lytse produksjes kultuer 2023.
- Algemiene Subsydzjeferoardering gemeente Ljouwert 2018.