Fluch oan:

Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?

Download dan it oanfraachformulier Subsydzje Amateurkeunst en folje it yn. Stjoer it formulier op nei de Gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it gemeentehûs.

Wat binne de betingsten?

  • Jo aktiviteit moat besocht wurde kinne troch ynwenners fan de gemeente Ljouwert.
  • As jo amateurklup meidocht oan in konkoers of wedstriid, moat dat meihelpe oan de promoasje en fierdere ûntwikkeling fan jo klup.
  • Jo kinne 1 of mear oanfragen per jier dwaan. Per jier jildt in maksimaal subsydzjebedrach fan € 2.200.
  • De subsydzje kin maksimaal 50% fan de kosten bedrage dy’t makke wurde foar de organisaasje fan de aktiviteit.

Hokker bylagen moatte jo by jo oanfraach taheakje?

  • In aktiviteiteplan. Beskriuw de oanlieding, doelstelling en motivearring fan it evenemint.
  • Yn it aktiviteiteplan stiet ek neamd hokker publyk der op it evenemint ôfkomt en op hokker wize jo reklame meitsje foar it evenemint.
  • De begrutting.

Wannear moatte jo oanfraach en bylagen by ús binnen wêze?

De oanfraach en de bylagen moatte op syn lêst 8 wiken foar it begjin fan it evenemint troch ús ûntfongen wêze.

Wet- en regeljouwing

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside fan Overheid.nl (lokaal).

  • Regeling Subsydzje Amateurkeunst Ljouwert 2023.
  • Algemiene Subsydzjeferoardering gemeente Ljouwert 2018.