Sport en bewegen
Gemeente Ljouwert hat in nij sportbelied ûntwikkele. Dit ha wy dien yn oparbeidzjen mei ynwenners, sportferieningen en oare organisaasjes út it sûnens- en sosjale domein. De wearde en it belang fan sport en beweging komme yn it nije sportbelied nei foaren.
Beliedskader Sport en Bewegen
Yn it nije Beliedskader Sport en Bewegen stean 5 ûnderwerpen sintraal. Dat binne:
- Fan jongs ôf, in libben lang alsidich yn beweging.
- Sportynfrastruktuer, de basis om sporten en bewegen te fasilitearjen.
- Ferstevigjend fan it sportklimaat en de breedtesport.
- Fyzje op topsport(belied) yn de gemeente Ljouwert.
- Sûnensefterstannen ferlytsje mei sport as middel.
It Beliedskader Sport en Bewegen is makke mei help fan in brede analyze fan trends en ferletten. Wy hawwe gearwurke mei sportferieningen, maatskiplike organisaasjes en ynwenners. Troch de wei fan enkêtes, byienkomsten en petearen hawwe wy ynput sammele. Mear as 80 partijen en in soad ynwenners hawwe meiholpen.
Yn de Nasjonale Sportwike, fan 19 oant en mei 28 septimber 2025, wurdt de earste útfieringsnota foar 2025/2026 presinteare oan ferieningen en oare belutsenen.
Nasjonale Sportwike 2025
Ljouwert is der grutsk op 1 fan de 5 host cities te wêzen fan de Nasjonale Sportwike 2025. Fan 19 oant en mei 28 septimber stiet ús gemeente yn it teken fan sport en beweging. As host city lit Ljouwert sjen dat sport foar elkenien is: jong en âld, begjinnend of betûft. Boppedat is Ljouwert de earste Fryske gemeente dy’t dizze eare krijt.
Yn de Nasjonale Sportwike kinne ynwenners meidwaan oan aldherhande sportaktiviteiten, workshops en demonstraasjes. It doel is om elkenien te ynspirearjen om yn beweging te kommen en plezier yn sport te ûntdekken. It motto fan BV Sport, de útfieringsorganisaasje yn Ljouwert is net foar neat: ‘Bliid fan Sport.’ Mear ynformaasje oer de Nasjonale Sportwike folget ynkoarten.