Fernijing Stasjonswei Grou
Wy gean oan de slach mei de Stasjonswei yn Grou. De strjitte wurdt feiliger, griene en better taret op it feroarjende klimaat.
Wat dogge wy?
Parkstrjitte
Wy fernije it asfalt en de strjitfluorring fan de rydbaan en fuotpaden. Sa bliuwt de strjitte feilich en netsjes.
Stasjonswei (tusken J.W. de Visserwei en Oedsmawei)
Wy ferfange it âlde rioel en lizze in nij rioel foar reinwetter oan. Ek fernije wy de strjitfluorring. Dit soarget foar bettere ôffier fan reinwetter en minder kâns op wetteroerlêst.
Stasjonswei (tusken Oedsmawei en de rotonde)
Yn dit diel komt mear grien. Ek nimme wy maatregels om reinwetter better op te fangen, lykas wetterberging. Sa meitsje wy de strjitte klear foar de takomst en soargje wy foar in noflike leefomjouwing.
Rotonde Grou
De rotonde oan it begjin fan de Stasjonswei wurdt opnij ynrjochte. Dat dogge wy om it ferkear feiliger te meitsjen en better trochstreame te litten. Ut tellingen blykt dat de rotonde yn de jûnsspits te drok is. Dêrom komme der twa middengelieders./ Dit binne stroken yn ’e midden fan de dyk dy’t it ferkear fan inoar skiede. Sa kinne fytsers en fuotgoners feilich oerstekke. Fytsers krije dêrby gjin foarrang.
Pattegrûn
Op de plattegrûn Fernijing Stasjonswei Grou binne de dielgebieten yn kaart brocht.
Planning
- Begjin 2026: earste sketsen diele mei bewenners by in ynrinbyienkomst, romte om oandachtspunten mei te jaan foar de útwurking.
- Heal 2026: útwurkjen ûntwerp en definityf ûntwerp diele mei bewenners.
- Ein 2026: tarieding wurksumheden en oannimmer selektearje.
- Begjin 2027: start útfiering.
Ynrinbyienkomst
Op moandeitejûn 12 jannewaris wie der in ynrinbyienkomst. Bewenners koene it ûntwerp fan dielgebiet 1 (Parkstrjitte) besjen en har opmerkings trochjaan. Se koene ek sjen wat de plannen binne foar de oare dielgebieten. Besikers koene har opmerkings opskriuwe. Ynkoarten komt der in dokumint mei dêryn de opmerkings fan bewenners en de reaksjes fan de gemeente.
Fragen
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: