Fluch oan:

Wêrom dit plan

Omdat de stêd yn it suden groeit, komme der hieltyd mear fytsers op de Skrâns. Tagelyk ride der in soad auto’s dy’t dêr eins net hoege te wêzen. Dat kin soargje foar mear drokte en gefaarlike situaasjes by krúspunten en de spoarwei-oergong. Ek de stoepen reitsje foller troch parkearde fysten, wêrtroch’t fuotgongers minder romte hawwe om te rinnen. De gemeente wol de Skrâns feiliger, rêstiger en nofliker meitsje. Wy sjogge nei manieren om it ferkear better yn te rjochtsjen, mei mear romte foar fytsers en fuotgongers en minder trochgeand autoferkear.

Dizze oanpak past binnen it Beliedskader Mobiliteit 2040, goedkard troch de gemeenteried yn 2024. Ynwenners fan Ljouwert koene meitinke fia fragelisten en gearkomsten. De Skrâns, it Sixmaplein, de spoarwei-oergong en it stasjonsgebiet binne wichtich yn dit plan.

Earst in takomstplan, noch gjin útfiering.

Foardat wy besluten nimme, meitsje wy earst in takomstplan. Dit neame wy in ûntwikkelprogramma. Dit plan helpt om in gebiet stap foar stap better te meitsjen. Yn ’e mande mei bewenners, ûndernimmers en oaren besjogge wy wat goed is en wat better kin. Bygelyks oer ferkear, grien, wenjen, wurkjen en hoe’t minsken troch it gebiet gean. It ûntwikkelprogramma is noch gjin plan om fuortdaliks te dwaan. It lit sjen hokker kant wy op wolle yn de takomst. De ideeën en karren dy’t wy no meitsje, wurde letter útwurke yn echte plannen en projekten.

Meidwaan

Jo kinne op ferskate wizen bydrage oan it takomstplan. In pear mominten hawwe der al west. Hjirnei komt der noch in byienkomst.

  • Fragelist (klear)
    • Fia in fragelist koene de minsken witte litte wat se goed fine oan de Skrâns en it Sixmaplein – en wat better kin. De fragelist is mear as 500 kear ynfuld. Wy brûke de resultaten as basis foar it ûntwikkelprogramma.
  • Wurkgroep
    • Fia de fragelist koene minsken har ek opjaan foar de wurkgroep. Der wiene mear as 100 oanmeldingen foar de wurkgroep. Ut de oanmeldingen is in groep fan likernôch 35 persoanen keazen: bewenners, ûndernimmers en besikers fan ferskillende leeftiden. Dizze wurkgroep wurdt gear mei de gemeente en it buro oan it ûntwikkelprogramma. Se hawwe al twa kear byinoar west.
  • Ynrinbyienkomst
    • Op moandeitejûn 10 novimber 2025 wie der in ynrinbyienkomst. Besikers koene lâns de ynformaasjemerk en by tematafels yn petear gean oer ferkear, de iepenbiere romte, funksjes en sfear. Yn it foarjier of de simmer fan 2026 komt der in nije byienkomst. Dan wurdt it konsept ûntwikkelprogramma presintearre en kin elkenien reagearje.

Foarriedige planning

  • Neijier 2025: start fan it projekt en gearwurking mei de omjouwing en ekstern buro oan it ûntwikkelprogramma (takomstplan sûnder útfieringsplan).
  • Neijier 2025 – foarjier 2026: wurkje oan it konsept ûntwikkelprogramma (mei ynput fan de wurkgroep).
  • Foarjier/simmer 2026: konsept plan leit op ynsjen – elkenien kin reagearje.
  • Neijier 2026: beslútfoarming troch kolleezje fan B&W en gemeenteried.

Nei it beslút wurdt sjoen hokker ûnderdielen fierder ûndersocht wurde moatte. In wichtige folgjende stap is it ûndersyk nei it Suderplein en de ferbining mei de Skrâns en it Sixmaplein. Pas dêrnei wurdt besletten of en hoe’t de plannen útfierd wurde.

Bliuw op ’e hichte!

Wolle jo op de hichte bliuwe fan it proses? Meld jo dan oan foar de digitale nijsbrief.

Fragen

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.