Sporthal Nijlân útwreiding mei 3 sealdielen
Sporthal Nijlân wurdt útwreide mei trije ekstra sealdielen. Dêrmei komt der mear romte foar it bewegingsûnderwiis fan skoallen foar fuortset ûnderwiis en foar trainingen en wedstriden fan sportferieningen. De útwreiding wurdt de kommende perioade neier útwurke. Op dizze pagina lêze jo mear oer it doel, it proses en de planning.
Wêrom dogge wy dit
Doel fan de útwreiding fan de sporthal is:
- Romte te biede oan de fuortset ûnderwiis skoallen foar it bewegingsûnderwiis.
- Romte te bieden oan de sportferieningen foar indoor trainingen en wedstriden.
Proses oant no ta
Yn desimber 2025 hat de gemeenteried budzjet beskikber steld foar it projekt.
Yn it earste kwartaal fan 2026 binne brûkers fan Sportpark Nijlân, brûkers fan de besteande hal en it wykpanel op ’e hichte steld fan it foarnimmen ta útwreiding fan de sporthal.
Yn it tredde en fjirde kwartaal fan 2026 wurde de stedeboukundige rânebetingsten en de winsken en easken fanút it ûnderwiis en sport yn kaart brocht. Ek wurdt ûndersocht hoefolle romte de ferskillende funksjes nedich hawwe en hoe’t dy binnen de beskikbere kavel ynpast wurde kinne.
Planning
- 2026 Q4: definityf Programma fan Easken.
- 2027 Q1 + Q2 : Europeeske oanbesteging UAV-GC.
- 2027 Q3 + Q4: ûntwerpe, fergunningen oanfreegje.
- 2028 Q1 -Q3: wurktarieding en bou.
Fragen
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: