Fluch oan:

Untwikkelprogramma Ljouwert East

De gemeente Ljouwert hat in ûntwikkelprogramma makke om Ljouwert East te ferbetterjen. Op 9 desimber 2025 hat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders it Untwikkelprogramma Ljouwert East fêststeld. Op 8 oktober 2025 hat de gemeenteried it Addindum omjouwingsfyzje 2 ûntwikkelprogramma Ljouwert East fêststeld (dit is in oanfolling op de omjouwingsfyzje dy’t der no is).

Wat is in ûntwikkelprogramma?

In ûntwikkelprogramma is in plan foar in gebiet. It lit sjen hokker ferbetteringen mooglik binne, lykas mear grien en bettere fyts- en kuierrûtes. It is gjin definityf plan, mar in idee dêr’t de gemeente en oare organisaasjes, lykas wenningkorporaasjes, oan wurkje wolle. It is makke mei help wykbewenners. It programma is foar de kommende 20 jier en rjochtet him op wenjen, wetter, grien, ferkear en moetingsplakken.

Foar hokker wiken is it plan?

It plan is foar de wiken:

  • Ald East
  • Bilgaard
  • Frijheidswyk
  • Heechterp-Skieringen
  • Camminghabuorren. Ek it gebiet om it Kealledykje hinne heart dêrby.

Wat stiet der yn it ûntwikkelprogramma?

It ûntwikkelprogramma bestiet út 3 dielen:

  1. Analyze fan it gebiet.
  2. In fyzje neamd ‘Stêd fan Neite’. Hjiryn stiet wat belangryk is foar Ljouwert East.
  3. Plannen foar útfiering.

Wat stiet der yn it addindum Ljouwert East?

It addindum follet de haadlinen fan de omjouwingsfyzje oan op basis fan it ûntwikkelprogramma. Der wurdt wurke oan 7 ûnderwerpen:

  1. Goede kwaliteit fan libjen
  2. Stedspark Kealledykje
  3. Grien ferbine
  4. Foarsjenningen foar fearkrêft
  5. Geduldich wurkje oan de basis
  6. Kânsen foar mingen en fertichtsjen
  7. Plakken en prioriteiten

Fragen

Nim foar mear ynformaasje kontakt op mei de gemeente Ljouwert.