Doarpsfyzje Grou
Grou bout oan de takomst. Mei de fêststelde Doarpsfyzje Grou 2075 as basis starte wy no mei Vliegende Start Grou. Yn oparbeidzjen mei ynwenners, ûndernimmers en organisaasjes wurkje wy de fyzje út ta konkrete en helbere plannen.
Wurksesjes
Wy starte dit neijier mei wurksesjes foar de Doarpsfyzje. Organisaasjes en ynwenners hawwe har wilens oanmelden foar de klankboerdgroep. Sy sille yn 5 wurksesjes meitinke oer tema’s as mobiliteit en berikberens, fergrienjen fan it doarpssintrum en ûntwikkelingen yn Grou. Dy wurksesjes binne tusken novimber en april 2027. Dielnimmers oan de klankboerdgroep krije hjir berjocht oer.
Stêdeboukundich advysburo JENG begeliedt yn opdracht fan de gemeente Ljouwert it proses en ûndersteunt by it útwurkjen fan de plannen.
Ynformaasjegearkomsten
Neist de wurksesjes organisearje wy 2 ynformaasjejûnen foar alle ynwenners fan Grou. Sa bliuwe jo op ’e hichte en kin elkenien meitinke oer de tema’s. Dizze brede jûnen binne op tiisdeitejûn 19 jannewaris entiisdeitejûn 23 maart 2027. Mear ynformaasje oer de gearkomsten folget fia dizze side.
Hoe fierder
Begjin maaie 2027 is de partisipaasje ôfrûne. Nei ferwachting is de útwurking fan de Doarpsfyzje Grou nei de simmer fan 2027 klear. Dy sil dan oan it doarp presintearre wurde.
Fragen
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: