Fluch oan:

Wêrom in auto-earm gebiet?

De binnenstêd wie hiel lang it plak dêr’t wy foaral kamen om te winkeljen. De lêste jierren wurdt it sintrum hieltyd mear in gebiet dêr’t wy graach (in skoftsje) binne: in ferbliuwsgebiet.

In soad bewenners en ûndernimmers fine it dêrom noflik as der net tefolle ferkear is yn de binnenstêd. Dêrom hat de gemeente Ljouwert it noardwestlike part fan de binnenstêd auto-earm makke.

De kommende jierren nimt de gemeente ek oare maatregels om de binnenstêd oantrekliker, feiliger en leefberder te meitsjen.

Ynrydûntheffing oanfreegje, wizigje of opsizze

Binne jo fêstige yn it auto-earme gebiet, of moatte jo yn dit gebiet wêze mei in reau? Dan hawwe jo in ynrydûntheffing nedich. Mear ynformaasje fine jo op de pagina ‘Ynrydûntheffing auto-earme binnenstêd’.

Hoe giet it fierder?

Wy meitsje plannen foar de werynrjochting en it griener meitsjen fan de Iewâl en Woartelhaven. Dat dogge wy troch yn petear te gean mei omwenjenden en ûndernimmers yn de buert. Sa meitsje wy it in oantrekliker gebiet om te ferbliuwen.

Kamerahanthavening

Ek geane wy troch mei de plannen foar kamerahanthavening. Oant der kamera’s binne, sette wy op drokke mominten ferkearsregelers yn.

Programma Binnenstêd

De plannen foar kamerahanthavening en it griener meitsjen fan de Iewâl en Woartelhaven komme te stean yn it Utfieringsprogramma Binnenstêd. De gemeenteried is op 24 jannewaris akkoart gien mei dit programma.

Ynrydûntheffing

Wy meitsje it foar net-winske ferkear moeiliker it gebiet yn en út te riden. Der is in ynrydûntheffing nedich foar it auto-earme gebiet. Let op: mei in ynrydûntheffing meie jo allinnich lade en losse, jo meie der net parkeare.

Fragen of mear ynformaasje?

Stjoer in e-mail nei autoluwebinnenstad@leeuwarden.nl.