Fluch oan:

Hûs oan Hûs

Yn it Hûs oan Hûs-wykblêd binne de ‘Oansizzingen’ fan de gemeente Ljouwert te lêzen. Bygelyks berjochten oer fergunningen dy’t oanfrege en ferliend binne. Mear ynformaasje hjiroer is te finen ûnder it kopke ‘Oansizzingen’ op dizze side.

Hûs oan Hûs net krigen?

Jo kinne de Hûs oan Hûs-krante noch op ferskate oare wizen lêze:

Gemeenteblêd

Wy publisearje nijsberjochten, oankundigingen fan ynformaasjegearkomsten, boufergunningen, kapfergunningen en oare berjochten yn it Gemeenteblêd.

Staatscourant

Romtlike plannen, ferkearsbesluten en oare berjochten publisearje wy yn de Staatscourant.

Romtlike plannen dêr’t de proseduere noch fan rint, kinne jo besjen en jo kinne jo reaksje jaan.

Wat is in romtlik plan?

Yn in romtlik plan stiet wat der mei romte yn de gemeente dien wurde mei. Foarbylden binne in bestimmingsplan, wizigingsplan en guon ûmjouwingsfergunningen.

Yn in romtlik plan stiet ek wêr’t winkels, hoareka en bedriuwen har fêstigje meie en hoe grut gebouwen wêze meie.

Wet- en regeljouwing

De wet- en regeljouwing fan de gemeente Ljouwert kinne jo fine op de webside Overheid.nl.

Hoe wurket it?

  • Folje de postkoade in by ‘Zoek op locatie’. Bygelyks: 8913.
  • Folje de titel fan de wet- en regeljouwing dy’t jo sykje yn by ‘Woord of zinsdeel’. Bygelyks: Algemene Plaatselijke Verordening.
  • Klik op ‘Zoeken’. Der kinne ferskate siden mei ‘Zoekresultaten’ jûn wurde.

Bekendmakkingen by jo yn ’e buert

Bekendmakkingen by jo yn ’e buert kinne jo ek automatysk yn ’e mail tastjoerd krije.

Hoe wurket it?

  • Klik op ‘Blijf op de hoogte’.
  • Folje jo postkoade yn.
  • Jo kinne, as jo dat wolle, ek jo hûsnûmer ynfolje.

Oanfrege en ferliende fergunningen ynsjen

Wolle jo fia in app op ’e hichte bliuwe fan fergunningen? De app ‘OmgevingsAlert’ jout ynformaasje oer fergunningen dy’t yn de gemeente Leeuwarden oanfrege en ferliend binne.

Download de app yn ’e Play Store of de App Store.

Oansizzingen

De Oansizzingen yn ’e Hûs oan Hûs binne gearfettingen. Foar elke oansizzing wurdt in adres, hûsnûmer en dosssiernûmer jûn. Mei it dossiernûmer kinne jo fierder sykje op Overheid.nl of yn ’e app Leeuwarden OmgevingsAlert.

De útskriuwingen fan persoanen út de Basisregistraasje Persoansgegevens (BRP) bliuwt yn de Hûs oan Hûs stean.

Wolle jo op ’e hichte bliuwe fan oansizzingen?

Dit kin op de folgjende manieren:

Fia de app Leeuwarden Omgevingsalert

  • Download de app Leeuwarden OmgevingsAlert.
  • Kies in lokaasje.
  • Stel in striel yn. Bygelyks: alle meldingen binnen in striel fan 500 meter.
  • Kies hokker meldingen jo graach ûntfange wolle.
  • Sjoch hokker oansizzingen der binne.
  • Jo krije in melding yn ’e app as der nije oansizzingen binne.

Sykje op Overheid.nl

  • Gean nei de sykfunksje fan Overheid.nl foar berjochten út ’e buert.
  • Folje by ‘Zoekterm’ it dossiernûmer yn fan de oansizzing yn ’e Hûs oan Hûs. Bygelyks: 11015644.
  • Folje by ‘Postcode’ jo postkoade yn.
  • Kies by ‘Straal’ foar ‘Hele gemeente’ en klik op ‘Zoeken’.
  • Klik op de titel fan it sykresultaat om de ynformaasje te besjen.

Berjochten ûntfange fan Overheid.nl

  • Gean nei de mailservice fan Overheid.nl om e-mails te krijen mei berjochten oer jo buert.
  • Folje jo postkoade en hûsnûmer in.
  • Kies hokker ynformaasje jo graach ûntfange wolle.
  • Folje yn binnen hokker striel fan dit adres jo meldingen ûnfange wolle.
  • Jou oan fan hokker ynstânsjes jo oansizzingen ûntfange wolle.
  • Kontrolearje jo gegevens en meld jo oan.

Hoe wurket de webside Overheid.nl?

  • Gean nei https://www.overheid.nl/berichten-over-uw-buurt
  • Folje by ‘Zoekterm’ it dossiernûmer yn fan de oansizzing yn ’e Hûs oan Hûs (bygelyks: 11015644).
  • Folje by ‘Postcode’ jo postkoade yn.
  • Kies by ‘Straal’ foar ‘Hele gemeente’ en klik op ‘Zoeken’.
  • Klik op de titel fan it sykresultaat om de ynformaasje te besjen.

Ynskriuwe mei in e-mailadres op Overheid.nl

  • Gean nei https://www.overheid.nl/berichten-over-uw-buurt#meld-u-aan-voor-de-e-mailservice.
  • Folje jo postkoade en hûsnûmer in.
  • Jou oan hokker ynformaasje jo graach ûntfange wolle.
  • Folje yn binnen hokker striel fan dit adres jo meldingen ûnfange wolle.
  • Jou oan fan hokker ynstânsjes jo oansizzingen ûntfange wolle.
  • Kontrolearje jo gegevens en meld jo oan.

Sintraal register foar mienskiplike regelingen

Mienskiplike regelingen binne gearwurkingen tusken ferskate oerheden. Bygelyks: gemeenten, provinsjes en wetterskippen.

Sintraal register ynsjen

Jo kinne it sintrale register digitaal ynsjen.

Gjin lokaal register mear

Sûnt 2021 hoecht de gemeente gjin lokaal register foar mienskiplike regelingen by te hâlden.

It sintrale register is it plak dêr’t alle ynformaasje oer mienskiplike regelingen (GR-en) te finen is.

De GR-en sels moatte de ynformaasje oer harren regelingen byhâlde. Dit jildt net as de GR in sintrumregeling is. Dit is in regeling dêr’t gjin organisaasje by oprjochte wurdt. Yn dat gefal moat de oanwiisde, boarnehâldende gemeente of provinsje de gegevens yn it sintrale register byhâlde.

Fragen of help nedich?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.