Keninklike ûnderskieding
Jo kinne immen foardrage foar in keninklike ûnderskieding. Ek bedriuwen, organisaasjes of ferieningen kinne in Keninklike ûnderskieding krije.
Wa komt yn oanmerking foar in ûnderskieding
Ynwenners
In ynwenner fan de gemeente Ljouwert komt yn oanmerking foar in lintsje as dyjinge:
- Him/har jierrenlang belangeleas ynset foar de mienskip.
- Mear dien hat as gewoanwei fan immen ferwachte wurde mei.
Wannear freegje jo in lintsje oan?
- Utrikking ûnder lintsjesrein: op syn lêst op 1 juny fan it jier derfoar.
- Utrikking by in bysûndere gelegenheid: op syn lêst 6 moannen foar dy gelegenheid.
Bedriuwen, organisaasjes of ynstellingen
Lanlike organisaasjes en bedriuwen kinne it Predikaat Keninklik ûntfange. Lytse en middelgrutte bedriuwen kinne yn oanmerking komme foar it Predikaat Hofleveransier.
Oan ferieningen, stiftingen, ynstellingen of sportferieningen op regionaal of lokaal nivo kin in Keninklike Earepinning ferliend wurde. Mear ynformaasje oer de betingsten fine jo op Koninklijk Huis.
Oanmelde
Foar it oanmelden fan in ynwenner, bedriuw, organisaasje of ynstelling foar in Keninklike ûnderskieding, folje online it fersykformulier yn.
Wat bart der nei de oanmelding?
- De boargemaster, de kommissaris fan de Kening en it Kapittel foar de Sivile Oarders yn Den Haach jouwe advys oer jo foarstel oan de minister.
- De minister nimt in beslút.
- As de minister akkoart is, ûndertekenet de kening de foardracht.
- De boargemaster ynformearret jo oer dit keninklik beslút.
Wannear is de útrikking?
De boargemaster kin it lintsje útrikke:
- By de jierlikse lintsjesrein op de lêste wurkdei foar Keningsdei.
- By in bysûndere gelegenheid, lykas in ôfskied of jubileum.
Fragen of help nedich?
Op de webside Koninklijke Onderscheidingen en Koninklijk Huis fine jo mear ynformaasje. Hawwe jo help nedich of fragen? Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.