Fluch oan:

Netwurk ûnmisber yn Nota Romte fan Ryksoerheid.

De 4 gemeenten wolle dit Fryske stedsnetwurk sterk meitsje en fine it netwurk ûnmisber yn de Nota Romte fan de Ryksoerheid. Dêrom hawwe sy de mearwearde fan it netwurk en de betsjutting derfan foar Nederlân omskreaun yn in dokumint. De belutsen bestjoerders fan de 4 gemeenten gean graach yn petear mei de Ryksoerheid, de provinsje en oare Fryske gemeenten om harren fyzje fierder út te wurkjen en út te fieren.

De mearwearde fan in Stedsnetwurk

It Frysk Stedsnetwurk bestiet út Drachten, Hearrenfean, Ljouwert en Snits (de F4). Wy hawwe mei-inoar in ûnmisbere funksje yn Noard Nederlân op de tema’s wenjen, ekonomy en brede wolfeart. Us mienskiplike ambysje is om dit netwurk noch sterker te meitsjen. De F4 jouwe dit foarm troch in Fryske ferstedskingsstrategy op te stellen, dêr’t it Ryk en de provinsje mei klam by útnûge binne om oan te heakjen.

Foar de Friezen

It Frysk Stedsnetwurk kin en wol noch mear bydrage oan it oplossen fan de regionale en Nederlânske wenningneed. Wy biede hjirmei starters en (nije) Friezen in thús yn in griene, sûne stedske omjouwing. De F4 kinne wenningbou op grutte skaal realisearje sûnder dat dit op kosten giet fan (tefolle) romte foar lânbou en natuer.

De ûntwikkelingen yn de F4 gemeenten op it mêd fan wenningbou en ekonomy komme ten goede oan alle ynwenners fan Fryslân. Der wurdt sa aktyf mooglik bydroegen oan de leefberens fan de provinsje en it yn stân hâlden fan de brede wolfeart.

Ynsette op ekonomyske sektoaren

De F4-gemeente profitearje fan in soad agglomeraasjefoardielen: in rommere arbeidsmerk, mear potinsjele en spesjalisearre taleveransiers, kennisútwikseling en in rommer oanbod fan wurk en foarsjenningen foar ynwenners. De F4 soargje der dêrmei foar dat stedske foarsjenningen yn de neite fan alle Friezen binne. De F4 wolle foaral ynsette op ekonomyske sektoaren dy’t by stean binne de wichtige transysjes te ûnderstypjen. Foarbylden dêrfan binne:

  • ferduorsuming fan de fiedselfoarsjenning;
  • ûndersyk en útfiering fan sirkulêre en biobased bou;
  • wettertechnology en ynnovative soarchtechnology.

De gearhing yn foarsjenningen fersterket ek it toeristysk potinsjeel. Neist wenningbou en ekonomyske gearwurking rjochtsje de F4-gemeenten har op de ûntwikkeling fan campussen en it fersterkjen fan middelber en heger (berops)ûnderwiis en de ‘Universiteit fan it Noarden’.

Betsjutting foar Nederlân

Nederlân stiet foar de opjefte om oant 2031 likernôch 1 miljoen wenningen te bouwen. It Frysk Stedsnetwurk realisearret twatredde fan de Fryske wenningbou-opjefte fan likernôch 21.000 wenningen. Foar de perioade nei 2031 binne lanlik op ’e nij 1 miljoen huzen nedich. Sûnder de Lelyline drage de F4-gemeenten hjiroan by mei 3 oant 4 grutskalige wenningboulokaasjes mei op syn minst 15.000 wenningen. Mei de komst fan de Lelyline binne sels 5 grutskalige wenningboulokaasjes en yn totaal 25.000 wenningen mooglik. In fierdergeande skaalsprong is tinkber, mar oer de betsjutting dêrfan gean de gemeenten graach fierder yn petear mei it Ryk yn it ramt fan de Nota Romte, mei de oare Fryske gemeente en Provinsje Fryslân oer it aktualisearjen fan de Wendeal-ôfspraken en de Provinsjale Omjouwingsfyzje (POVI).

Mear ynformaasje en kontakt

Mear ynformaasje oer it Frysk Stedsnetwurk lêze jo yn de folder Frysk Stedsnetwurk.

Wolle jo mear witte, hawwe jo fragen of wolle jo yn petear mei de gemeenten fan it Frysk Stedsnetwurk? Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert of stjoer in e-mail nei: