Besite of blommen by in bysûndere dei
De gemeente Ljouwer lokwinsket ynwenners graach persoanlik by bysûndere mominten. Wa’t 100 jier wurdt of in 70-jierrich houlik fiert, kin in besite krije fan de boargemaster. Fanôf 105 jier en 75 jier houlik folget jierliks in lokwinsk. Is besite net mooglik of winske, dan wurdt in bosk blommen mei kaart besoarge.
Jierdeis
100 jier
Wenje jo yn de gemeente Ljouwert en wurde jo 100 jier? Dan komt de boargemaster op besite as jo dat wolle. In meiwurker fan de gemeente bellet yn it foar om in ôfspraak te meitsjen foar de besite. As de boargemaster net komme kin, komt in wethâlder lâns.
105 jier
Wurde jo 105 jier? Ek dan komt de boargemaster op besite as jo dat wolle. Fanôf 105 jier komt de boargemaster elk jier op jo jierdei. De famylje wurdt altyd earst belle om in ôfspraak te meitsjen.
Wolle jo gjin besite of is it net mooglik?
Dan krije jo in moai bosk blommen en in kaart mei lokwinsken.
Troudei
60 jier of 65 jier troud
As jim 60 jier of 65 jier troud binne, dan krije jim in bosk blommen mei lokwinskkaart út namme fan de boargemaster.
70 jier of 75 jier troud
Binne jim 70 jier of 75 jier troud? Dan komt de boargemaster op besite as jo dat wolle. In meiwurker fan de gemeente bellet yn it foar om in ôfspraak te meitsjen. As de boargemaster net komme kin, komt in wethâlder lâns. Fanôf 75 jier komt de boargemaster elk jier op jo jierdei.

Fragen
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: