Frysk Stedsnetwurk
De stedske kearnen Drachten, Hearrenfean, Ljouwert en Snits foarmje mei-inoar in Frysk Stedsnetwurk. Dit Stedsnetwurk is wichtich foar de regio én foar Nederlân en hat in ûnmisbere funksje op de tema’s wenjen, ekonomy en brede wolfeart. Us mienskiplike ambysje is om dit netwurk noch sterker te meitsjen.
Gemeenten en provinsje hawwe mei-inoar in plan makke: de ferstedskingsproposysje
De provinsje Fryslân en de gemeenten Hearrenfean, Ljouwert, Smellingerlân en Súdwest-Fryslân wurkje mei-inoar oan in plan foar in leefberder en wolfarrender Fryslân yn 2050. Dit plan, de ferstedskingsproposysje Frysk Stedsnetwurk 2050, is oan it Ryk oanbean.
Utdagingen en kânsen foar de hiele regio
De regio stiet foar grutte feroaringen lykas fergrizing en krimp. Troch gear te wurkjen, kin Fryslân ekonomysk groeie en him duorsum ûntwikkelje. De ferstedskingsproposysje biedt in takomst foar Fryslân dêr’t de Fryske stêden en omlizzende kearnen yn profitearje fan ekonomyske groei, ferbettere ynfrastruktuer en in hegere kwaliteit fan libjen.
Doelstellingen foar in wolfarrend Fryslân
- Ekonomyske Groei: Fersterking fan trije belangrike sektoaren: wettertechnology, agrifood en hightech makyndustry.
- Wenningbou: Utwreiding fan it wenningoanbod mei 25-40% oant 2050, mei ferskate en oantreklike wenmiljeus.
- Talintûntwikkeling: Oanlûken en behâlden fan talint troch kwalitatyf ûnderwiis en in ferskaat oan wurkgelegenheid.
- Ferbettere Berikberheid: Ynvestearringen yn bettere ferbiningen.
- Duorsumens: Mear grien en wetter yn bewenne gebiet, klimaatadaptive ynrjochting fan stêden en doarpen, en enerzjytransysje.
Gearwurking en útfiering
De ferstedskingsproposysje foarmet in stevige basis foar gearwurking tusken de provinsje, gemeenten, bedriuwen, kenninynstellingen en ynwenners. It ferfolch is in ûntwikkelstrategy en ynvestearringsaginda om de proposysje foar 2050 wier te meitsjen. It earder ferstjoerde parseberjocht lêze jo hjirûnder: