Fluch oan:

Wat nimme jo mei nei it Gemeentehûs?

  • Alle identiteitsbewizen en paspoarten dy’t jo hawwe. Ek as se ferrûn binne.
  • In pasfoto dy’t foldocht oan de easken dy’t jo lêze yn it folgjende dokumint:
  • Jild. Jo betelje de identiteitskaart kontant of mei jo pinpas.
  • Freegje jo as âlder in identiteitskaart oan foar jo bern?
    • Nim jo bern mei nei it Gemeentehûs. Ek by it opheljen moat jo bern wer mei.

BInne jo jo identiteitskaart kwyt of is er stellen?

Jou dit sa fluch mooglik digitaal troch oan de gemeente. Dit is nedich om misbrûk foar te kommen. Nei dizze melding ferklearje wy jo identiteitskaart ûnjildich. As jo it weromfine, kinne jo it dus net mear brûke. Jo moatte it dan ynleverje by de gemeente.

Wolle jo of kinne jo de fermissing net digitaal trochjaan?

Meitsje dan in ôfspraak by de gemeente. Jo folje in ferklearring fan fermissing yn oan de baalje fan it Gemeentehûs. Wy stelle jo identiteit fêst. Dêrnei freegje jo direkt jo nije dokumint oan. Jo hoege gjin oanjefte by de plysje mear te dwaan.

Reizgje mei jo bern

Bern moatte altyd in eigen paspoart of identiteitskaart by har hawwe as se nei it bûtenlân reizgje.

 

Guon lannen wolle in ferklearring dêr’t yn stiet dat de folwoeksene dy’t mei it bern mei reizget, echt de âlder of gesachhâlder is. Ynformearje hjirnei by de ambassade of it konsulaat fan it lân dêr’t jo hinne wolle. Ynformaasje oer kontrôle oan de Nederlânske grins fine jo op de webside fan de Ryksoerheid.

Jonger as 12 jier

Kom sels nei it Gemeentehûs. Jo freegje jo identiteitskaart persoanlik oan de baalje oan. Jo hawwe tastimming nedich fan elke persoan dy’t gesach oer jo hat. Meastal binne dit jo âlden. Om harren tastimming te regeljen en om jo identiteitskaart oan te freegjen, binne dizze dingen fan belang:

  • Ien fan jo gesachhâlders komt mei jo mei nei it Gemeentehûs om jo identiteitskaart oan te freegjen.
  • Binne der twa gesachhâlders en kin 1 fan de gesachhâlders net meikomme? Nim fan de gesachhâlder dy’t net meikomt it folgjende ynfolle en ûndertekene formulier mei:

Hoe lang is in identiteitskaart jildich?

  • In nije identiteitskaart foar folwoeksenen is 10 jier jildich.
  • In nije identiteitskaart foar bern en jongeren ûnder de 18 jier is 5 jier jildich.

Yn hokker lannen is in identiteitskaart jildich?

In identiteitskaart is net yn alle lannen jildich. In wiidweidige list fan lannen fine jo op de webside fan De Ryksoerheid. Foar lannen dy’t net op de list stean, hawwe jo in paspoart nedich.

Wolle jo gjin ôfspraak meitsje?

Jo kinne op de folgjende mominten ek sûnder ôfspraak lânskomme:

  • Moandei fan 13.40 oant 16.00 oere.
  • Tiisdei fan 08.30 oant 12.00 oere.
  • Woansdei fan 13.40 oant 16.00 oere.
  • Tongersdei fan 08.30 oant 12.00 oere.
  • Freed fan 08.30 oant 12.00 oere.

Fisum

Elk lân hat eigen regels foar bûtenlanners dy’t it lân besykje. Soms is in jildich Nederlânsk paspoart of identiteitskaart genôch. It is ek mooglik dat jo in fisum nedich hawwe.

Wolle jo witte oft jo in fisum nedich hawwe foar it lân dêr’t jo hinne wolle?

Mear ynformaasje lêze jo op de webside fan Nederland wereldwijd.

Wolle jo in fisum oanfreegje?

Dan kinne jo ûnder mear terjochte by de ANWB.

Identiteitskaart besoargje litte

In oanfrege identiteitskaart kinne jo thús of op jo wurk besoargje litte.

Nederlânske identiteitskaart mei ynlogfunksje DigiD

Sûnt 4 jannewaris 2021 hat de Nederlânske identiteitskaart in ynlogfunksje foar DigiD. Aktivearje jo dy funksje? Dan kinne jo ynlogge yn de DigiD-app mei jo identiteitskaart. Mei jo DigiD kinne jo ynlogge op websiden fan de oerheid, it ûnderwiis, de soarch en jo pensjoenfûns.

Mear ynformaasje fine jo op de webside fan DigiD.

Kosten