Fluch oan:

Gevelreklame, dakreklame en objekten op priveegrûn

Foar it oanbringen fan reklame op in gebou of it pleatsen fan losse (reklame)objekten op jo eigen grûn (bygelyks in nammeboerd en/of flagge), is in omjouwingsfergunning nedich. Yn it reklamebelied “Each foar reklame” (Oog voor reclame) wurdt útlein oan hokker regels jo jo hâlde moatte.

Utstallingen

For útstallingen by winkels, ynstellingen en toeristyske attraksjes, is gjin fergunning nedich as oan in tal betingsten foldien is. Dizze stean yn de “Regeling útstallingen Ljouwert” (Regeling uitstallingen Leeuwarden).

Reklame op iepenbiere grûn (eksploitanten)

Der binne ferskate mooglikheden yn ’e gemeente Ljouwert om reklamekampanjes te fieren en bedriuwsferwizingen te pleatsen. De gemeente hat ferskate (reklame)eksploitanten it rjocht jûn om (reklame)objekten te pleatsen yn ’e iepenbiere romte. Jo kinne kontakt opnimme mei dizze eksploitanten foar jo reklamekampanjes. Sels objekten pleatse yn ’e iepenbiere romte is net tastien.

  • Fitrines: billboards foar lanlike reklame, formaat 8m2
  • Bushokjes: reklame in wachthokjes foar de bus, bedoeld foar lanlike reklame
  • Mupi’s: reklamepanielen fan 2 m2, bedoeld foar lanlike reklame. Yn kombinaasje mei in stêdsplattegrûn
  • Reklameboerd oan ljochtmêsten (heech): ferljochte objekten mei ferwizingen nei bedriuwen en ynstellingen yn Ljouwert
  • Sandwichboerd oan ljochtmêsten (A0): primêr bedoeld foar it oankundigjen fan lokale eveneminten, mei foarrang foar kulturele eveneminten op kommersjele eveneminten.
  • Panielen op VRI-kasten: op regelkasten by ferkearsljochten binne panielen pleatst, bedoeld foar kulturele kampanjes

Iepenbiere oanplakpeallen

Hjir kinne partikulieren, kulturele ynstellingen en oare non-profitynstellingen mei affysjes of posters meidielingen opplakke.

Regels

  • It diel ûnder de huodderâne mei beplakt wurde.
  • Bedoeld foar meidielingen fan partikulieren, kulturele ynstellingen en oare non-profitynstellingen (gjin hannelsreklame).
  • Hâld rekken mei-inoar en plak gjin posters oer elkoar.
  • Plak net alles fol mei deselde poster.
  • Plak de poster allinnich op de oanplakpeal; op oare plakken plakke is net tastien.
  • Diskriminearjende en rasistyske uteringen binne net tastien.
  • De foly mei net fuorthelle wurde.

Lokaasjes

  • Winkelsintrum Camminghabuorren
  • Winkelsintrum Bilgaard
  • Harlingerstrjitwei-Poptawei
  • Winkelsintrum Nijlân
  • Winkelsintrum Cambuurplein
  • Stationsplein
  • Súderplein
  • Arendstún
  • Frouwepoartsbrêge
  • Verlaatsbrêge
  • Rengersleane (yn ’e planning)

Bûtenreklame op kolken, tegels, strjittemeubilêr/boartersobjekten ensafh.

In fersyk foar dit soarte fan reklame wurdt altyd ôfwiisd, útsein in beskieden nammefermelding fan sponsors fan goede doelen of iepenbiere foarsjenningen.

Bebuording foar yndustriële bedriuwen

Bebuording foar yndustriële bedriuwen is formeel gjin reklame, mar in iepenbiere foarsjenning. Om’t dizze bebuording faak gearfalt mei reklame, is dit ûnderwerp opnommen yn it reklamebelied “Each foar reklame” (Oog voor Reclame).

Op ferskate bedriuweterreinen yn de gemeente Ljouwert is bebuording foar yndustriële bedriuwen oanwêzich. As dat sa is, kinne jo gjin eigen ferwizingsbuorden delsette, mar moatte jo de unifoarme bebuording brûke.

As op jo bedriuweterrein gjin bebuording foar yndustriële bedriuwen oanwêzich is, hawwe jo in omjouwingsfergunning nedich.

Fragen of help nedich?

Hawwe jo earst al sels sjoen op de webside fan it ‘Omgevingsloket Online’ (OLO, Omjouwingsloket Online)?.

Nee, dêr ha ik noch net sjoen.

Sjoch earst sels. Faaks is it net nedich in ôfspraak te meitsjen.

Ja, ik ha sjoen, mar ik snap net hoe it wurket.

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert. Wy sille jo helpe!
Kontakt opnimme kin op de folgjende manieren:

  • Belje 14 058.
  • Stjoer in e-mail nei: vergunningen@leeuwarden.nl

Kosten

  • In fergunning foar gevelreklame kostet € 146,23 per utering, mei in maksimum fan € 438,85 per oanfraach.
  • In wolstânsadvys kostet minimaal € 57,92. De presize kosten fine jo yn de Algemiene Leezjesferoardering.
  • Foar reklameobjekten dy’t mear as 50 sm bûten de gevel útstekke, betelje jo precariobelesting.

Wet- en regeljouwing

  • Reklamebelied “Each foar reklame” (Oog voor Reclame).
  • Regels útstallingen yn Ljouwert

De wet- en regeljouwing fan de gemeente Ljouwert kinne jo ynsjen fia de lanlike foarsjenning Overheid.nl.