Fluch oan:

Wannear hawwe jo in kapfergunning nedich?

Kapfergunning nedich

  • Foar it kappen fan 10 of mear beammen dy’t net monumintaal of weardefol binne. Dizze beammen moatte minimaal 1.30 meter heech wêze en in stamtrochsneed hawwe fan 63 sintimeter of mear. Lytsere beammen telle net mei.
  • Foar it kappen fan ien of mear monumintale of weardefolle beammen. Mear ynformaasje fine jo ûnder de kop “Monumintale en weardefolle beammen”.

Kompensaasje

Wannear’t jo 10 beammen kappe, binne jo yn oerlis mei de gemeente ferplichte om hjir 11 beammen foar werom te plantsjen. As dat net of mar foar in part mooglik is, dan betelje jo in kompensaasjebedrach fan € 500,- per beam.

Monumintale en weardefolle beammen

Foar it kappen fan monumintale of weardefolle beammen freegje jo in omjouwingsfergunning oan.

Kompensaasje

Foar it kappen betelje jo in finansjele kompensaasje fan € 2000,- per beam, of it moat wêze dat dizze beam ûnwerstelber siik of beskeadige is. Dat moat troch in troch de gemeente oanwiisde saakkundige fêststeld wurde.

Monumintale en weardefolle beammen

Besjoch de list fan monumintale en weardefolle beammen (PDF, 141.70 KB) foar mear ynformaasje oer hokker beammen monumintaal en weardefol binne yn ús gemeente.

Wolle jo sels in beam foardrage foar de list monumintale en weardefolle beammen? Stjoer dan in e-mail nei bomendienst@leeuwarden.nl. Dizze list wurdt elke 4 jier fêststeld.

Yllegaal kappen fan beammen

As der sprake is fan it yllegaal kappen fan beammen, moatte jo as boete twa kear it kompensaasjebedrach betelje. Mear ynformaasje oer dy bedraggen fine jo ûnder de kop “Kosten”.

 

Kompensaasjefûns

It kompensaasjebedrach dat jo betelje, wurdt yn it Kompensaasjefûns Grien stoart. Ut dit fûns wei wurde ûnder oare nije beammen betelle. Se wurde op in goede lokaasje plante dy’t de mooglikheid biedt om út te groeien ta folwoeksen eksimplaren.

Beammen en sinnepanielen

De gemeente is foarstanner foar it pleatsen fan sinnepanielen. Mar it fuortnimmen fan sinneljocht troch beammen is gjin reden om te snoeien of te kappen. Hâld by it pleatsen fan sinnepanielen altyd rekken mei besteande beammen en dat dy mooglik noch groeie kinne.

Fragen of help nedich?

Foar fragen, mear ynformaasje en it oanfreegjen fan in omjouwingsfergunning gean jo nei de pagina Proseduere omjouwingsfergunning oanfreegje of melde.

Kosten

Monumintale beammen kapje

  • 1 monumintale of weardefolle beam kostet € 398,52.
  • 2 oant en mei 5 monumintale of weardefolle beammen kostet foar ien kear € 797,05.
  • 6 of mear monumintale of weardefolle beammen kostet foar ien kear € 1.195,59.

Dit binne de kosten foar de oanfraach fan de fergunning. Hjir kinne noch kosten foar kompensaasje by komme.

Net monumintale of weardefolle beammen kappe

  • 10 oant en mei 50 net monumintale of weardefolle beammen kostet foar ien kear € 797,05.
  • 51 of mear net monumintale of weardefolle beammen kostet foar ien kear € 1.195,59.

Dit binne de kosten foar de oanfraach fan de fergunning. Hjir kinne noch kosten foar kompensaasje by komme.

Ekstra ynformaasje

Binne de beammen al kappe of wurde se kappe sûnder omjouwingsfergunning? Dan wurde de kosten hjirboppe mei 50% ferhege.

Wet- en regeljouwing

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal):

  • List monumintale en weardefolle beammen gemeente Ljouwert 2023.
  • Neiere regels beammen en kompensaasje grien.
  • Algemiene Pleatslike Feroardering. Ofdieling 3: It bewarjen fan houtopstannen (3).
  • Ofdieling 11.3 Beslút aktiviteiten leefomjouwing.