Fluch oan:

Hoe wurket it ynsjen fan in digitaal bestimmingsplan?

  • Klik op ‘Plannen sykje’.
  • Folje it adres yn by ‘Sykje op adres’. Bygelyks: Nijstêd 33 Ljouwert.
  • Klik op it fergrutglês om de bestimming fan dit adres op te sykjen.
  • Under it kopke ‘Bestimmingsplannen’ fine jo de bestimmingsplannen foar dit adres.
  • Binne der mear bestimmingsplannen foar itselde adres?
    • Klik op ‘Iepen karhelp’.
    • Oan de rjochterkant fan de pagina stiet wêr’t elk bestimmingsplan oer giet. Meastal hawwe jo it bestimmingsplan nedich dêr’t it wurd ‘fêststeand’ yn stiet. Dit is faak it nijste plan.
    • As jo it goede bestimmingsplan oanklikt hawwe, stiet rjochts de bestimming fan it adres dêr’t jo op socht hawwe.

Wêr fine jo de boufoarskriften foar jo lokaasje?

Klik op ‘Inkelbestimming’ of ‘Bestimming’. Dat stiet rjochts op de pagina.

Fine jo gjin bestimming?

Dan is der noch gjin digitaal bestimmingsplan foar it adres dat jo yntypt hawwe.

Wolle jo dochs de bestimmingskaart en byhearrende regels opfreegje?

  • Klik op it tabblêd ‘Dokuminten’.
  • Klik foar de bestimming op ‘Plankaart’.
  • Klik foar de regels op ‘Foarskriften’.

Ofwike fan it bestimmingsplan

Soms meie jo fan de gemeente wat oars dwaan as wat in bestimmingsplan foarskriuwt. Jo krije dan tastimming om ôf te wiken fan de regels.

Yn it bestimmingsplan stiet yn hokker situaasjes ôfwiking fan de regels mooglik is. Dat binne de ‘binnenplanske ôfwikingen’.

Der binne ek ôfwikingen mooglik op grûn fan lanlike wetjouwing. Dy regels steane net yn it bestimmingsplan.

Wolle jo ôfwike fan in bestimmingsplan?

Freegje in omjouwingsfergunning oan fia it Omjouwingsloket Online.

Der binne twa manieren om in omjouwingsfergunning te krijen.

Beide prosedueres steane yn de Wet algemiene bepalingen omjouwingsrjocht (Wabo):

  • De reguliere proseduere is foar de meast foarkommende en ienfâldige oanfragen. Binnen 8 wiken hearre jo oft jo in omjouwingsfergunning krije.
  • De wiidweidige proseduere is foar yngewikkelde oanfragen. Binnen 26 wiken hearre jo oft jo in omjouwingsfergunning krije.

Under de behanneling fan jo oanfraach hearre jo hokker proseduere oft foar jo jildt.

Help nedich of fragen?

Sykje earst sels op Ruimtelijke plannen.nl.

Hawwe jo dan noch hieltyd help nedich of fragen?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.