Fluch oan:

Betingsten foar in Bêd en Brochje

Foar it hâlden fan in Bêd en Brochje hawwe jo in fergunning nedich. As jo foldogge oan de folgjende betingsten, kinne jo in omjouwingsfergunning (“Hannelje yn striid mei regels romtlike oardering”) oanfreegje:

  • Maksimaal 30% fan it folsleine mienskiplike oerflak op de begeane grûn fan de wenning (ynklusyf de oan- en útbouwen en bygebouwen) oant op syn meast 50 m2, mei ynrjochte wurde foar de foarsjenning.
  • Maksimaal 4 sliepplakken yn op syn meast 2 fan inoar ôfskieden romten meie brûkt wurde foar nachtlik ferbliuw.
  • De eksploitant is haadbewenner en moat der echt wenje.
  • De keamers meitsje diel út fan it haadgebou of fan in dêr ûnderdiel fan útmeitsjende oan- of útbou.
  • Reklame yn de foarm fan in namme-oantsjutting of logo mei in lingte fan net mear as 1 meter ha en in oerflak fan net mear as 0.50 m2 yn de foarm fan net útstekkende gevelreklame; dy reklame mei net ferljochte wêze.
  • De aktiviteit mei net liede ta parkear- en ferkearsoerlêst.
  • De aktiviteit mei net liede ta hinder of oerlêst foar it wenmiljeu.
  • By de beoardieling fan de mjitte fan oerlêst moatte sawol it wenningtype as it karakter fan de buert of de wyk meinommen wurde.
  • Der moat foldwaande berchromte oerbliuwe yn of by de wenning.

Wet- en regeljouwing

  • Beliedsregel “Bêd en Brochje yn Ljouwert 2016”

De wet- en regeljouwing fan de gemeente Ljouwert kinne jo ynsjen fia de lanlike foarsjenning Overheid.nl.