Fluch oan:

Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?

Download it Oanfraachformulier foar it organisearjen fan in kânsspul en folje it in. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Wat binne de betingsten?

  • De lotterij is bedoeld foar in algemien belang. Hjirmei wurdt bedoeld dat it foardiel opsmyt foar de hiele mienskip. Gjin persoanlik foardiel of dat der winst makke wurdt.
  • De prizen hawwe gjin hegere wearde as € 4.500,00.

Lotterij dêr’t gjin fergunning foar nedich is

Foar lotterijen yn in lytse groep is gjin fergunning nedich. Bygelyks: in lotterij yn famyljekring of op it wurk foar eigen wurknimmers.

Prizejild heger as € 4.500,-?

Dan moatte jo in fergunning oanfreegje foar de lotterij by de Kânsspulautoriteit. Nim hjirfoar kontakt op mei de Kânsspulautoriteit.

Kosten

De kosten binne € 39,84.