Fluch oan:

Hokker gebieten adoptearje?

Op de oersjochskaart fine jo hokker skjinmakgebieten beskikber binne foar adopsje. Der binne yn totaal 200 gebieten. Jo meie sels witte hoefolle gebieten oft jim skjinhâlde wolle.

Wa meie meidwaan?

Alle maatskiplike organisaasjes mei in KvK-nûmer yn de gemeente Ljouwert meie har ynskriuwe. Jong en âld meie meidwaan mei it opromjen fan swalkôffal. Bern ek, op betingst dat der in folwoeksene meigiet (oant 4 bern per folwoeksene).

Wat is in maatskiplike organisaasje?

Skoallen, ferieningen en oare gearwurkingsfoarmen, dy’t út mear as 1 persoan bestean en gearwurkje foar in goed doel, sûnder winst te meitsjen. Dit binne ek doarps- en wykbelangen, tsjerkegenoatskippen en oare stiftingen.

Ynskreaun. En no?

Jo krije in befêstiging per e-mail. Hawwe jo jo foar 27 maaie 2024 ynskreaun? Dan krije jo in útnûging foar de startjûn op 30 maaie of 4 juny 2024.

Wêr is de startjûn foar bedoeld?

De startjûn is in gesellige en ynformative ôftraap fan de oanpak. Jo jouwe by it ynskriuwen in 1e en 2e foarkar oan. Op dizze jûn wurde de skjinmakgebieten definityf ferdield. Is der oerlaap yn de 1e foarkar? Dan wurdt op dizze startjûn sjoen nei de mooglikheden. Mei de oare organisaasjes sykje jo nei in oplossing. Slagget dat net? Dan wurdt der lotte. Minimaal 1 fertsjintwurdiger fan jo organisaasje moat oanwêzich wêze. De definitive ferdieling fan de skjingebieten mei de dielnimmende organisaasjes wurdt op dizze side publisearre.

Hoefolle tiid kostet it skjinmeitsjen?

Trochsneed 6,5 oeren yn ’e moanne. Dat is 75 oeren yn it jier. Dy oeren kinne jo sels yndiele. De help fan bern telt mei neffens it prinsipe 2=1. Dit betsjut dat 2 oeren meihelpen troch 1 bern, rekkene wurdt as 1 oere ynset troch in folwoeksene. Bygelyks:

  • 1 kear yn ’e moanne rinne 3 folwoeksenen, mei 7 oant 9 bern, in rûnte fan 1 oere.
  • 1 kear yn ’e moanne rinne 6 of 7 folwoeksenen in rûnte fan 1 oere.
  • 2 kear yn ’e moanne rinne 3 of 4 folwoeksenen in rûnte fan 1 oere.
  • 2 kear yn ’e moanne rinne 2 folwoeksenen, mei 2 oant 4 bern, in rûnte fan 1 oere.

Wat ferwachtsje wy fierder?

Organisearje minimaal 1 kear yn ’e moanne in opromaksje mei jo feriening of skoalle yn jim skjinmakgebiet(en). Per skjinmakgebiet binne jo hjir ûngefear 75 manoeren yn it jier mei dwaande.

Meitsje minimaal 1 kear yn ’e moanne jim opromaktiviteiten foar elkenien sichtber. Dat kin bygelyks fia sosjale media of in nijsbrief. Hjirmei stimulearje jo de omjouwing om it netsjes te hâlden.

It skjinmakgebiet hâlde jo it hiele jier skjin. Ek yn de fakânsjeperioade. Soargje derfoar dat der genôch minsken beskikber binne yn jo team, sadat der altyd immen ynfalle of byspringe kin.

Fragen en antwurden

Ik kin of wol net digitaal ynskriuwe.

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.

Ik bin te let mei ynskriuwen, mar wol wol graach meidwaan.

Dat kin. Op de kaart fine jo de skjinmakgebieten dy’t noch beskikber binne. Jo kinne oant en mei 16 augustus 2026 ynstappe. De finansjele fergoeding fan € 750,- yn it jier wurdt ferdield op grûn fan hoe lang’t jo noch meidwaan kinne. De gemeente Ljouwert nimt kontakt mei jo op, sadree’t jo jo ynskreaun hawwe.

Ik ha gjin KvK-nûmer

Sûnder KvK-nûmer wurde jo net sjoen as maatskiplike organisaasje.

Wannear ûntfang ik de fergoeding fan € 750,- per jier per skjinmakgebiet?

De fergoeding wurdt útbetelle yn 2 dielen; yn it foarjier en yn it neijier.

Wêrom is it iene gebiet grutter as it oare gebiet?

Ut ûnderfining witte wy dat yn it iene gebiet mear swalkôffal leit as yn it oare gebiet. Dit hat bygelyks te krijen mei de oanwêzigens fan rekreaasje, hoareka, ûnderwiis, supermerken, kuierrûtes of fytsrûtes. Dy gebieten binne lytser.
Ek is yn it iene gebiet mear partikuliere grûn as yn it oare. Jo meitsje allinnich skjin op de publyk tagonklike dielen fan jo skjinmakgebiet(en). Partikulieren en bedriuwen binne ferantwurdlik foar it swalkôffal op harren eigen terrein.

Kinne wy mienskiplik in skjinmakgebiet adoptearje?

Ja. As jim mei-inoar mar goede ôfspraken meitsje en wy as gemeente mar 1 oansprekpunt hâlde.

Myn fraach stiet net op dizze side.

Miskien stiet jo fraach yn it dokumint Mear fragen en antwurden Skjin Beleanje. Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.