Fluch oan:

Meitsje jo jo soargen oer in persoan?

Hat dy persoan mooglik (ferplichte) geastlike sûnenssoarch nedich? Jou in melding oan ús troch. Dat mei ek anonym. Belje nei 14 058 en sis dat jo in Wvggz-melding dwaan wolle. Jo wurde werombelle troch in meiwurker fan ’e gemeente Ljouwert.

Twivelje jo, mar binne der wol soargen?

Belje dan foar advys nei it meldpunt ‘Zorgwekkend gedrag’ fan ’e GGD Fryslân. Telefoannûmer 0800-1205. Sy binne berikber fan moandei oant en mei freed fan 09:00 oant 17:00 oere.

Krisis of gefaar?

Belje it alarmnûmer 112.