Fluch oan:

Oer it projekt

Wy wolle bedriuwen yn Ljouwert helpe om harren produkten en tsjinsten oan it bûtenlân te ferkeapjen. Dit dogge wy omdat bedriuwen dy’t dat kinne, bettere konkurrinten binne. En better omgean kinne mei feroarings yn de ekonomy.

Hoe berikke wy dat?

Ferskillende partijen wurkje gear om nije regels en manieren te betinken. Dy moatte it foar lytse en middelgrutte bedriuwen makliker meitsje om harren produkten en tsjinsten oan it bûtenlân te ferkeapjen.

Wy organisearje mei ús partners ferskillende workshops, útwikselings en stúdzjebesites. Oer in perioade fan 5 jier.

Projektpartners

  • Gemeente Ljouwert
  • Pannon Business Network Association (Hongarije)
  • Regionale Untwikkelingsorganisaasje foar Súd-Muntenië (Roemenië)
  • Stifting Business Development Friesland
  • Steinbeis Innovation gGmbH (Dútslân)
  • Comunidade Intermunicipal Ave (Portugal)
  • San Sebastian Socio-Economic Development Agency Ltd. (Spanje)
  • Ministearje fan Finânsjes (Hongarije)

Projektperioade

April 2016 oant en mei maart 2023.

Totaal projektbudzjet

€ 1.558.771,-

Mear ynformaasje fine jo op de website fan UpGradeSME.