It SCEPA-projekt (Scaling up the Energy Poverty Approach) is in gearwurking tusken 8 partners út Europa, dêrûnder de Gemeente Ljouwert. SCEPA wurdt mei finansiere troch it Interreg North West Europe programma, ûnderdiel fan it Europeeske Fûns foar Regionale Untwikkeling.
Hoe dogge wy dat?
Us doel is om enerzjy-earmoed oan te pakken. Wy wolle besteande oplossingen en helpmiddels brûke om enerzjy-earmoed te ferminderjen en hawwe budzjet krigen om dit fierder út te wreidzjen.
Yn Ljouwert sille wy SCEPA brûke om de aktiviteiten fan ús Enerzjyloket en ús Enerzjycoaches út te wreidzjen. Wy wolle ynwenners mei in leech ynkommen, dy’t te krijen hawwe mei enerzjy-earmoed, ûndersteune by it nimmen fan enerzjybesparjende maatregels yn harren wenning.