Yn IB-Green rjochtsje wy ús op bedriuweterrein De Himrik. Bedriuweterreinen stean derom bekend dat der in soad fluorring is en net in soad grien. Ek is de grûn faak fertichte troch it gebrûk fan swiere masines. Dêrtroch wurde dizze gebieten yn hite simmers ekstra fluch te hyt, en hawwe se by swiere reinbuien earder lêst fan oerstreaming. Yn it projekt dogge wy ûndersyk nei hoe’t wy de romte sa ynrjochtsje kinne dat bedriuweterreinen yn de takomst better omgean kinne mei hjitte, drûchte en swiere reinbuien.
Hoe dogge wy dat?
Yn de iepenbiere romte fan De Himrik plantsje wy 104 beammen en sille wy in wadi oanlizze. In wadi is gjin sleat, mar in brede greppel dy’t reinwetter opfangt, tydlik fêsthâldt en it wetter weromsakje lit yn de grûn. Op dizze manier is in wadi in middel tsjin wetteroerlêst en drûchte. Dêrneist wolle wy bedriuwen helpe mei it ferduorsumjen fan harren terrein fia in griencoach. Dizze griencoach sjoch mei de ûndernimmer op hokker wize it bedriuwspân en de grûn deromhinne klimaatbestindich ynrjochte wurde kin.