Fluch oan:

Fyzje op Europa

Wêr’t de doelen fan de Europeeske Uny en Ljouwert itselde binne, kinne wy in soad oan inoar hawwe. Dêrom wurkje wy gear mei Europeeske partners op mêden dêr’t wy itselde doel hawwe. Bygelyks troch kennis mei elkoar út te wikseljen.

Wy diele ús eigen fakkennis mei Europeeske partners.

Bygelyks oer:

  • wettertechnology
  • lânbou
  • recycling
  • enerzjy
  • kultuer

In oare manier dêr’t wy op gearwurkje mei de EU:

Troch mei oare Europeeske stêden of regio’s (Europeesk finansiere), projekten te begjinnen. Sa helpe wy en de EU elkoar om elkoars doelen te berikken.

Europeeske gearwurking is gjin doel op himsels.

It is in manier om ús eigen doelen te berikken. De EU kin ús helpe om ús eigen plannen flugger, better of goedkeaper út te fieren.

Europa Aginda 2022-2026

Yn de Europa Aginda 2022-2026 stiet op hokker ûnderwerpen wy de kommende tiid gearwurkje wolle mei de EU.

De Europa Aginda wurdt elke twa jier útwurke. Dat neame wy in projekteportfolio. Dêryn stiet by hokker projekten wy gearwurkje wolle mei de EU of oare bûtenlânske partners.

Europeeske projekten

Op de pagina Europeeske Projekten fine jo de Europeeske projekten dêr’t wy op dit stuit oan meidogge.

Nim kontakt op

Wolle jo mear witte oer it Europeesk belied fan Ljouwert? Of wolle jo gearwurkje mei ús oan in ynternasjonaal projekt? Stjoer in e-mail nei EU-koördinator Anke Hoekstra fia anke.hoekstra@leeuwarden.nl.