Circular City Centre helpt gemeente by sirkulêre projekten
Ljouwert docht mei oan it Circular City Centre Initiative (C3). Dit projekt helpt de gemeente om it nije Spoardok sa duorsum mooglik te meitsjen. It doel is dat der gjin grûnstoffen en wetter ferspild wurde. Sa wurdt Ljouwert duorsumer en draacht de stêd by oan in skjinnere wrâld.