Undersyk en data
De gemeente docht ûndersiken en sammelet en analysearret data. Data binne belangryk foar gemeente Ljouwert. Se helpe ús te begripen wat der bart yn de stêd en yn de doarpen. Mei dizze ynformaasje kinne wy better plannen meitsje. Ek kinne wy ús tsjinstferliening ferbetterje en goede beslissingen nimme.
Foar wa
Undersyk en data is ek ynteressant foar jo:
- Ynwenner: mei dizze data krije jo in goed byld fan de ûnderfiningen fan ynwenners en fan jo leefomjouwing.
- Underimmer: brûk bygelyks sifers oer de ekonomy en de gearstalling fan ynwenners. Dizze ynformaasje kin helpe by de groei of ûntwikkeling fan jo bedriuw.
- Studint: hjir fynst betroubere data foar dyn stúdzje of projekt.
- Organisaasje: sykje sifers en ynformaasje oer it gebiet dêr’t jo organisaasje aktyf is. Sa krije jo ynsjoch yn de ûnderfiningen fan ynwenners en belangrike kearnsifers.
Sifers
Untdek Ljouwert yn Sifers!
Op de website Ljouwert yn Sifers fine jo in soad ynformaasje oer de gemeente Ljouwert. Jo kinne hjir sels data opsykje en besjen. Misse jo ynformaasje? Kinne jo hjir wat net fine of hawwe jo in fraach? Nim dan kontakt mei ús op.
Wat kinne jo dwaan op de website?
- Dashboard: jo sjogge yn ien oersjoch de belangrykste ûnderwerpen
- Tema’s en gebieten: kies in ûnderwerp, lykas Befolking, Soarch & Sûnens of Feiligens. Jo kinne dêrnei sjen nei sifers per wyk of buert.
- Data fergelykje: fergelykje sifers fan ferskillende wiken en buerten yn Ljouwert.
- Downloade en diele: jo kinne tabellen en grafiken maklik downloade. Dat kin as pdf, Excel of CSV-bestân.
Publikaasjes
Us team data makket en wurket mei oan rapporten oer gemeente Ljouwert. Wy brûke hjirfoar data dy’t wy sels sammelje en/of iepenbiere data. Dizze rapporten kinne jo fine op de website Ljouwert yn Sifers. Foarbylden fan rapporten binne:
- Trends yn Byld
- Earmoedmonitor
- Rapport Ynwennersenkête
- Rapport Jonereinenkête
- Rapport Lâns de Linen fan de Takomst. Is it pdf-dokumint net goed te lêzen? Nim dan kontakt mei ús op.
Sels meidwaan oan ûndersiken
Tink mei oer ûnderwerpen yn de gemeente Ljouwert. Doch mei mei it Digitaal Boargerpanel Ljouwert. Op de side Digitaal Boargerpanel fine jo mear ynformaasje.
Fragen
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: