Fluch oan:

Oerstap nei digitale post fia de Berjochteboks

De gemeente Ljouwert biedt kommend jier hieltyd mear post digitaal oan. Jo kinne dizze post ûntfange yn de Berichtenbox van MijnOverheid (iepenet yn in nij ljepblêd). Dit is in persoanlike en feilige brievebus op ynternet. Hjiryn kinne jo de berjochten fan de gemeente maklik weromfine. De gemeente stjoert hieltyd mear soarten post digitaal. Jo kieze sels hoe’t jo de post ûntfange wolle: digitaal yn de Berichtenbox of op papier oer de post. Jo meitsje dizze keuze yn de ynstellingen fan de Berichtenbox. Sa bliuwt de gemeente op in manier kontakt hâlden dy’t by jo past.

Digitale hantekening

By hast alle brieven fan de gemeente Ljouwert stiet gjin hânskreaune hantekening mear. Dat is om’t jo fertrouwe kinne dat de brief echt fan de gemeente komt. Soms moat de gemeente neffens de wet wol in hantekening sette. Under oan de brief stiet dan: “Under dizze brief treffe jo gjin hantekening oan.” Sa witte jo dat de brief offisjeel is, ek sûnder hantekening.

Digitale AI-assintint

De gemeente Ljouwert brûkt in digitale AI-assistint foar it dwaan fan meldingen oer it ûnderhâld en de kwaliteit fan jo wen-, wurk- of leefomjouwing. Mei de digitale AI-assistint kinne jo ienfâldich in melding dwaan wannear’t it jo útkomt.

Hoe wurket it:

  • Belje 14 058 en sprek jo melding yn oer it ûnderhâld of de kwaliteit fan jo wen-, wurk- of leefomjouwing.
  • De digitale AI-assistint stelt jo in oantal fragen. De assistint helpt jo om jo melding troch te jaan.
  • Jouwe jo tastimming om jo telefoannûmer te brÛken? Dan krije jo per sms in befêstiging mei jo ynsprutsen melding. Jo kinne dan ek noch ynformaasje oan jo melding taheakje.
  • Sprekke jo ek jo e-mailadres yn? Dan krije jo in befêstiging fan jo melding. Jo kinne dan ek de status fan jo melding folgje.
  • De ôfdieling dy’t jo melding behannelet, giet mei jo melding oan ’e slach.

De digitale AI-assistint is 24 oeren per dei beskikber. Wy gean soarchfâldich om mei jo gegevens. Wy ferwurkje jo gegevens neffens de privacyregels.

Takomst

De gemeente Ljouwert biedt ynkoarten mear digitale tsjinsten oan. Jo kinne dan hieltyd mear saken digitaal regelje en kontakt hawwe mei de gemeente. Hawwe jo fragen? Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert. Wy helpe jo graach.