City of Literature
Ljouwert-Fryslân is sûnt 2019 ûnderdiel fan it UNESCO Creative Cities Network (UCCN). Dat is in groep fan stêden fan oer de hiele wrâld dy’t har ynsette foar in kreative stêd. Ljouwert-Fryslân heart by de ‘Cities of Literature’; dit binne stêden dy’t gearwurkje op it mêd fan boeken en skriuwen.
Lidmaatskip foar ûnbepaalde tiid
It lidmaatskip fan it UNESCO Creative Cities Network is foar ûnbepaalde tiid. Ljouwert moat wol foldwaan bliuwe oan de easken ûnder de kontrôle (audit). Dy audit is elke 4 jier. It lidmaatskip biedt kânsen om bygelyks skriuwers, dichters en oersetters út te wikseljen mei oare stêden. Mar ek it dielen fan kennis en ûnderfining oer literatuer en meartaligens. De klam leit hjirby op it Frysk. Ljouwert wurdt op dizze wize ekstra oantreklik foar kultuertoeristen.
Wat binne de meartalige doelen fan Ljouwert UNESCO City of Literature?
De gemeente Ljouwert hat de kandidaatstelling yntsjinne. Wy binne no de titeldrager en binne ferantwurdlik foar it projekt út namme fan de gemeente Ljouwert, de provinsje Fryslân en LF2028.
De belangrykste doelen fan Ljouwert City of Literature binne:
- Profesjonalisearring
- Ynternasjonalisearring
- Lêsbefoardering
- Ynnovaasje
De doelen binne duorsum en meartalich.
Mear ynformaasje
Gean nei de webside Ljouwert City of Literature (iepenet yn in nij ljepblêd).
Projektpartners
UNESCO Creative Cities
Projektbudzjet
€ 0,-
Fragen
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: