Fluch oan:

Wat ferwachtsje wy fan jo

Tagong en identifikaasje

  • Der kin frege wurde nei jo identiteitsbewiis.
  • Yn guon romtes meie jo allinnich nei binnen op ôfspraak. Bygelyks in sprekkeamer.
  • Helphûnen binne wolkom. Alle oare bisten meie der net mei yn.
  • As jo ûnder ynfloed binne fan alkohol, drugs of oare middels dy’t jo beoardielingsfermogen beynfloedzje, kinne wy jo tagong wegerje.

Feiligens

  • Der hingje befeiligingskamera’s foar jo en ús feiligens.
  • Folgje de ynstruksjes op fan bedriuwshelpferlieners, befeiligers en/of personiel.
  • Foarwerpen dy’t in gefaar foarmje (kinne) foar oaren binne net tastien.
  • Jou jo helm, skateboard, step en al sa mear ôf by de befeiliging.
  • It dragen fan gesichtsbedekkende klean (lykas in yntegraalhelm of in boerka) is net tastien.
  • Let goed op jo spullen. De gemeente is net ferantwurdlik foar ferlies of stellerij.

Gedrach

  • Behannelje meiwurkers en oare besikers mei respekt.
  • Hâld rekkening mei de privacy fan oare besikers.
  • Gean soarchfâldich om mei fertroulike ynformaasje.
  • Let op jo bern, sadat elk him noflik fielt.
  • Foar it meitsjen fan foto’s of fideo’s hawwe jo tastimming nedich.
  • Agresje, geweld, yntimidaasje of oar net passend gedrach is net tastien.
  • It gebrûk fan alkohol, drugs of smokerij is yn en om it gebou net tastien.
  • Bliuw net langer as nedich.

Gebrûk fasiliteiten

  • Meitsje gebrûk fan de kopiearmasine as dat nedich is foar ús tsjinstferliening.
  • Kofje en tee binne fergees.
  • Der binne rolstuollen oanwêzich. Nei gebrûk graach skjin en netsjes weromsette.

Lûds- en filmopnames

  • De gemeente Ljouwert stiet it meitsjen fan in lûdsopname ta. Utsein as der wichtige redenen binne dat net te dwaan. Yn dat gefal wurdt der socht nei in oare oplossing.
  • Foar it petear kinne jo dúdlik meitsje dat jo in lûdsopname meitsje wolle. Mar dat hoecht net.
  • As jo in lûdsopname meitsje, kin de gemeente Ljouwert foar har eigen administraasje sels ek in lûdsopname fan it petear meitsje.
  • Jo bewurkje de lûdsopname net.
  • Sawol jo as de gemeente Ljouwert jouwe lûds- of filmopnamen net sûnder tastimming fan de oare partij oan oare organisaasjes of persoanen, of meitsje dy iepenbier.
  • Wol immen fan de gemeente fan in petear mei jo in lûdsopname meitsje? Dat bart allinnich as jo dêr tastimming foar jouwe. Jo ûntfange dan in kopy fan de lûdsopname.
  • Jo meie net sûnder tastimming in meiwurker fan de gemeente Ljouwert filmje.
  • Sawol jo as de gemeente Ljouwert jouwe lûds- of filmopnamen net sûndertastimming fan de oare partij oan tredden, of meitsje dy iepenbier.
  • Wol immen fan de gemeente fan in petear mei jo in lûdsopname meitsje? Dat bart allinnich as jo dêr tastimming foar jouwe. Jo ûntfange dan in kopy fan de lûdsopname.
  • Jo meie net sûnder tastimming in meiwurker fan de gemeente Ljouwert filmje.