Wetteroerlêst
By in soad reinfal of heech wetter kin wetteroerlêst ûntstean. In soad wetteroerlêst kin tefoaren kommen wurde.
Wat kinne jo sels dwaan
- Soargje dat de ôffieren om jo hûs hinne skjin binne. Sa kin reinwetter goed fuortstreame.
- Jo binne sels ferantwurdlik foar ferstoppingen yn jo eigen riolearring en wetter yn krûpromtes.
- Spielt jo húske net mear troch? Of liket it wetter omheech te kommen? En reint it bûten noch hieltyd? Dek dan tydlik jo húske (op de begeane grûn) ôf. Dat kin mei in handoek ûnder de húskebril en in swier foarwerp op it sletten deksel. Sa hawwe jo minder skea by oerstreaming fan it húske.
Wat dogge wy
- Wy kontrolearje belangrike wetterwegen en it riolearringsstelsel.
- Wy hâlde de wetterstân yn de gaten om oerstreamingen tefoaren te kommen.
- Wy ûnderhâlde riolearring en himelwetterôffieren, sadat it wetter ôffierd wurde kin.
- Wy ferwiderje blokkades yn rioelen of ôffieren yn de iepenbiere romte.
Wetteroerlêst yn de iepenbiere romte
Nim kontakt op mei gemeente Ljouwert.
Tink om gefaarlike ferkearssituaasjes
By in soad wetter kin de dyk gefaarlik wêze. Gean net de dyk op as it net noadich is.
Wat dogge jo by wetterskea
- By direkt gefaar: belje 112. Bygelyks as jo josels, in oar of in bist net mear yn feilichheid bringe kinne.
- Gjin haast, mar wol de brânwacht noadich: belje 0900-0904. Bygelyks as der risiko is op koartsluting of brân, of as in putdeksel los op de dyk leit of ûntbrekt.
- Gjin gefaar, mar wol skea:
- Bygelyks as jo wenning of bedriuwspân ûnderrinnen bliuwt troch in ferstoppe riolearring of ôfwettering yn de iepenbiere romte; nim kontaktmei ús op.
- Bygelyks as jo wenning of bedriuwspân skea hat troch in ferstoppe riolearring of ôfwettering op eigen grûn; los it probleem sels op, of nim kontakt op mei in spesjalisearre bedriuw. Hawwe jo kosten makke? Nim dan kontakt op mei jo fersekerder.
Tips en ynformaasje
Gean foar tips oer wetteroerlêst nei de webside fan it Reade Krús (iepenet yn in nij ljepblêd) of de webside Leven met water (iepenet yn in nij ljepblêd).
Fragen
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: