Fluch oan:

Kinne jo of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.

Koarting by it keapjen fan in reinwetterstonne

By in oantal doch-it-sels-sintra en túnsintra krije jo yn ’e winkel koarting by it keapjen fan in reinwetterstonne. Dat binne: Auke Rauwerda, Hoyte van der Wal, Tuincentrum Beek, Welkoop, Hubo Leeuwarden, Intratuin, Gamma Leeuwarden West, Gamma Hemrik, Praxis yn Stiens, Rauwerda yn Stiens.

Betingsten

  • Jo wenje of hawwe in bedriuwspân yn ’e gemeente Ljouwert.
  • Jo binne eigener fan it pân of hawwe as hierder tastimming fan de eigener.
  • Maksimaal twa reinwetterstonnen per perseel.
  • Jo folje yn it foar de koartingsbon yn (dy koartingsbon kinne jo by de dielnimmende doch-it-sels-sintra en túnsintra krije) en leverje dy yn by de winkel dêr’t jo de reinwetterstonne keapje.

Foardielen

  • Fangt reinwetter op en sa rekket it rioel minder fluch fol. Dêrtroch is der minder kâns op wetteroerlêst.
  • Fergees en skjin reinwetter om planten wetter te jaan.
  • Mei in reinwetterstonne fan 200 liter wetter besparje jo jierliks 2500 liter drinkwetter.

Hichte subsydzje

  • Per reintonne krije jo € 25,00 koarting. By de kassa fan de winkel krije jo dy koarting fuortdalik op it oankeapbedrach fan de reinwetterstonne.
  • Jo krije koarting foar maksimaal twa reinwetterstonnen.

Subsydzje Griene tún

Hawwe jo tegels, beton of asfalt op jo terrein? Ferfang dy troch planten of oar grien.

Foar de oanfraach hawwe jo it folgjende nedich

  • In foto fan de besteande situaasje fan jo terrein.
  • In foto fan de nije fergriene situaasje fan jo terrein.
  • In tekening fan it terrein dêr’t it tal m2 op stiet dat jo fergriene hawwe.
  • In faktuer fan de hovenier of kassabon fan de materialen dy’t jo nedich hienen foar it fergrienjen fan de tún. Bygelyks fan de boumerk of it túnsintrum.
  • In kopy fan jo bankpas.

Betingsten

  • Jo wenje of hawwe in bedriuwspân yn ’e gemeente Ljouwert.
  • Jo binne eigener fan it pân of hawwe as hierder tastimming fan de eigener.
  • Jo feroarje it diel dêr’t de ferhurding (tegels, beton, asfalt) fuorthelle is troch gers, blommen, planten, struken of beammen.

Foardielen

  • Jout ferkoeling yn ’e simmer.
  • Hâldt wetter fêst yn reineftige perioaden.
  • Soarget foar mear bioferskaat.
  • Mear skjinne lucht. Planten bine CO2 en fynstof.
  • In noflike en ûntspannen leef- en wurkomjouwing.

Hichte subsydzje

  • Jo kinne subsydzje krije as jo 25 m2 of mear oan ferhurding (tegels, beton, asfalt) ferfange troch grien. Is it gebiet dat jo fergrienje sille lytser as 25 m2? Freegje oaren om mei te dwaan. Jo kinne in mienskiplike oanfraach dwaan, mei jo buorlju bygelyks.
  • Jo krije per m2 € 10,00 subsydzje, oant in maksimum fan € 5.000,00.
  • Mei in maksimum fan wat jo oan kosten makke hawwe.

Subsydzje Grien dak

In daktún (grien dak) is in dak dêr’t sedum, gers of planten op groeie. Sille jo it griene dak sels oanlizze of litte jo dit dwaan troch in profesjonal? Yn beide situaasjes kinne jo subsydzje oanfreegje.

Foar de oanfraach hawwe jo it folgjende nedich

  • De faktuer fan de dakspesjalist of in kassabon fan de materialen dy’t jo nedich hienen foar de oanlis. Bygelyks fan de boumerk of it túnsintrum.
  • In kopy fan jo bankpas.
  • In útfieringstekening op skaal dêr’t it oerflak út ôf te lieden is.
  • Technyske spesifikaasjes fan it dak, lykas it wetterbergjend fermogen.

Betingsten

  • Jo wenje of hawwe in bedriuwspân yn ’e gemeente Ljouwert.
  • Jo binne eigener fan it pân of hawwe as hierder tastimming fan de eigener.
  • It griene dak is minimaal 6 m2 grut.
  • Stieneftige substraten moatte foldwaan oan de beoardielingsrjochtline ‘BRL 9341’, of in fergerlykber keurmerk.
  • It dak, de draachkonstruksje en oare oanpassingen foldogge, as dat fan tapassing is, oan ‘e Wenningwet, it Boubeslút 2012, de Bouferoardering en it wolstânsbelied fan de gemeente Ljouwert. Dy wet- en regeljouwing fine jo ûnderoan dizze side.
  • It wetterbergjend fermogen fan in ekstinsyf grien dak is 25 oant 50 liter per m2. In ekstinsyf grien dak is meastal 7-10 sm heech. En bedoeld foar bygelyks sedum, moas, krûden, gerssoarten of waardplanten dy’t gjin of net folle ûnderhâld nedich hawwe.
  • By in yntinsyf grien dak kinne jo allinnich subsydzje krije foar it oerflak dêr’t grien (planten, gerssoarten, moassen, en soksoarte) stiet. It wetterbergjend fermogen fan in yntinsyf grien dak is minimaal 50 liter per m2. Yntinsive griene dakken binne te fergelykjen mei in normale tún. Jo kinne der gersfjildsjes, heesters en beammen plantsje. De substraatlaach is 15 sm heech of heger.

Foardielen

  • Leveret in wichtige bydrage oan it fergrutsjen fan it bioferskaat, skjinne lucht en de opfang en ôffier fan reinwetter.
  • Jo dak giet op syn minst twa kear sa lang mei as in gewoan dak.
  • It dak hâldt yn ’e simmer it gebou koel en hâldt yn ’e winter de waarmte fêst.
  • Fangt reinwetter op en soarget derfoar dat it rioel minder belêste wurdt.
  • Sinnepanielen op in grien dak fange mear sinneljocht op en meitsje dêrtroch mear stroom.
  • In grien dak sjocht der oantrekliker út as in gewoan dak.

Hichte subsydzje

  • De subsydzje is 50% fan de totaal makke kosten. Oant in maksimum fan € 10.000,00 per perseel.
  • Is in konstruksjeberekkening fan it dak needsaaklik? Dan kinne jo maksimaal € 200,00 fergoede krije foar it meitsjen fan de berekkening. Jo stjoere in bewiis fan dy kosten mei mei de oanfraach fan de subsydzje.

Subsydzje Blau-grien dak

In blau-grien dak is in kombinaasje fan in dak dêr’t sedum, gers of planten op groeie en in wetteropslach foar reinwetter. In blau-grien dak hâldt mear wetter fêst as in grien dak en kin it wetter ek op bepaalde mominten losse. Sille jo it blau-griene dak sels oanlizze of litte jo dit dwaan troch in profesjonal? Yn beide situaasjes kinne jo subsydzje oanfreegje.

Foar de oanfraach hawwe jo it folgjende nedich

  • De faktuer fan de dakspesjalist of oannimmer, of in kassabon fan de materialen dy’t jo nedich hienen foar de oanlis. Bygelyks fan de boumerk of it túnsintrum.
  • In kopy fan jo bankpas.
  • In útfieringstekening op skaal dêr’t it oerflak út ôf te lieden is.
  • Technyske spesifikaasjes fan it dak, lykas it wetterbergjend fermogen.

Betingsten

  • Jo wenje of hawwe in bedriuwspân yn ’e gemeente Ljouwert.
  • Jo binne eigener fan it pân of hawwe as hierder tastimming fan de eigener.
  • It blau-griene dak is minimaal 6 m2 grut.
  • Stieneftige substraten moatte foldwaan oan de beoardielingsrjochtline ‘BRL 9341’, of in fergerlykber keurmerk.
  • De dakkonstruksje moat foldwaan oan de easken út it Boubeslút 2012. De konstruksje moat sterk genôch wêze om derop te rinnen foar ûnderhâld en ynspeksje. De konstruksje moat berekkene wêze op it ekstra gewicht fan bygelyks rein en snie.
  • By in blau-grien dak moat de minimale wetterberging op ’e dakbedekking 60 mm wêze.
  • It wetterbergjend fermogen fan in ekstinsyf grien dak is 25 oant 50 liter per m2. In ekstinsyf grien dak is meastal 7-10 sm heech en bedoeld foar bygelyks sedum, moas, krûden, gerssoarten of waardplanten dy’t gjin of net folle ûnderhâld nedich hawwe.
  • By in yntinsyf grien dak kinne jo allinnich subsydzje krije foar it oerflak dêr’t grien (planten, gerssoarten, moassen, en soksoarte) stiet. It wetterbergjend fermogen fan in yntinsyf grien dak is minimaal 50 liter per m2. Yntinsive griene dakken binne te fergelykjen mei in normale tún. Jo kinne der gersfjildsjes, heesters en beammen plantsje. De substraatlaach is 15 sm heech of heger.

Foardielen

  • Leveret in wichtige bydrage oan it fergrutsjen fan it bioferskaat, skjinne lucht en de opfang en ôffier fan reinwetter.
  • Jo dak giet op syn minst twa kear sa lang mei as in gewoan dak.
  • It dak hâldt yn ’e simmer it gebou koel en hâldt yn ’e winter de waarmte fêst.
  • Fangt reinwetter op en soarget derfoar dat it rioel minder belêste wurdt.
  • Sinnepanielen op in grien-blau dak fange mear sinneljocht op en meitsje dêrtroch mear stroom.
  • In grien-blau dak sjocht der oantrekliker út as in gewoan dak.
  • Mei it opfongen wetter kinne jo jo húske trochspiele of de tún wetter jaan. Jo besparje hjirmei drinkwetter.

Hichte subsydzje

  • De subsydzje is 50% fan de totaal makke kosten. Oant in maksimum fan € 12.500,00 per perseel.
  • Is in konstruksjeberekkening fan it dak needsaaklik? Dan kinne jo maksimaal € 200,00 fergoede krije foar it meitsjen fan de berekkening. Jo stjoere in bewiis fan dy kosten mei mei de oanfraach fan de subsydzje.

Subsydzje Reinwettergebrûksynstallaasje

In reinwettergebrûksynstallaasje is in spesjale tank dêr’t jo grutte hoemannichten reinwetter mei opfange kinne. De ynstallaasje fangt reinwetter op dat op it dak falt. Der binne ynstallaasjes foar binnen, bûten, boppe en ûnder de grûn.

Foar de oanfraach hawwe jo it folgjende nedich

  • De faktuer fan in profesjonal, sa as in dakspesjalist of oannimmer.
  • In kopy fan jo bankpas.
  • Foto’s yn kleur fan de ynwurke opslachtank, pomp en oansluting fan it liedingwurk op gebrûk. Bygelyks op it húske.
  • Technyske spesifikaasjes, sa as it bufferjend fermogen fan de opslachtank.

Betingsten

  • Jo wenje of hawwe in bedriuwspân yn ’e gemeente Ljouwert.
  • Jo binne eigener fan it pân of hawwe as hierder tastimming fan de eigener.
  • It wetter út ’e tank is allinnich foar it trochspielen fan it húske en it brûken fan de waskmasine. Jo meie de ynstallaasje net oanslute op drinkwetterliedingen.
  • Jo binne sels ferantwurdlik foar de juste ynstallaasje. Rieplachtsje in ynstallaasjesaakkundige of lit de wurksumheden foar jo útfiere.

Foardielen

  • It opfongen wetter kinne jo brûke foar it trochspielen fan jo húske of it brûken fan de waskmasine.
  • Mei in reinwetterynstallaasje besparje jo 20% fan jo deistich drinkwetterferbrûk.
  • De ynstallaasje slacht reinwetter op en soarget derfoar dat it rioel minder belêste wurdt by swiere reinbuien. Dêrmei helpe jo by it foarkommen fan wetteroerlêst.

Hichte subsydzje

De subsydzje is 50% fan de totaal makke kosten. Oant in maksimum fan € 2500,00 foar in wenning. Foar in appartemintekompleks, bedriuw of ynstelling jildt in maksimum subsydzjebedrach fan € 10.000,00.

Subsydzje Wetterrecyclingsysteem

In wetterrecyclingsysteem fangt wetter op fan it bad, de dûs, of kondinswetter fan in waarmtepomp en airconditioning. It systeem suveret it wetter. Sadat jo it opnij brûke kinne foar jo waskmasine, it trochspielen fan it húske, of yn ’e tún.

Foar de oanfraach hawwe jo it folgjende nedich

  • De faktuer fan in profesjonal, sa as in dakspesjalist of oannimmer.
  • In kopy fan jo bankpas.
  • In oersicht fan de technyske spesifikaasjes fan it recyclingsysteem.

Betingsten

  • Jo wenje of hawwe in bedriuwspân yn ’e gemeente Ljouwert.
  • Jo binne eigener fan it pân of hawwe as hierder tastimming fan de eigener.
  • It wetter út it systeem is allinnich foar it trochspielen fan it húske en it brûken fan de waskmasine. Jo meie it systeem net oanslute op drinkwetterliedingen.
  • Jo binne sels ferantwurdlik foar de juste ynstallaasje. Rieplachtsje in ynstallaasjesaakkundige of lit de wurksumheden foar jo útfiere.
  • It wetterrecyclingsysteem moat foldwaan oan de NEN EN 16941-2:2020.

Foardielen

  • Jo besparje flink op jo deistich drinkwetterferbrûk.
  • It systeem soarget derfoar dat it rioel minder belêste wurdt. Dêrmei helpe jo by it foarkommen fan wetteroerlêst.

Hichte subsydzje

De subsydzje is 50% fan de totaal makke kosten. Oant in maksimum fan € 2.000,00 foar in wenning. Foar in appartemintekompleks, bedriuw of ynstelling jildt in maksimum subsydzjebedrach fan € 5.000,00.

Hawwe jo noch fragen?

Hawwe jo noch fragen of twivelje jo oft jo foldogge oan ’e betingsten? Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert. Doch dit foardat jo de oanfraach yntsjinje.

Wet- en regeljouwing

De folgjende wetten en regeljouwing fine jo op de webside Overheid.nl (nasjonaal):

  • Omjouwingswet
  • Beslút bouwurken leefomjouwing

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside fan Overheid.nl (lokaal).

  • Subsydzjeregeling Klimaatbewust Ljouwert
  • Bouferoardering gemeente Ljouwert
  • Wolstânsnota