Fluch oan:

Hoe wurket it

Wolle jo in fergoeding fia it fûns? Nim dan kontakt op mei in tuskenpersoan. Dit wurdt ek wol in yntermediêr neamd. Op de webside fan Volwassenenfonds Sport & Cultuur (iepenet yn in nij ljepblêd) sjogge jo hokker yntermediêrs der yn de gemeente binne. Dit kin bygelyks in skuldhelpferliener, buertsportcoach of sosjaal wurker wêze. Jo kieze sels immen út.

Stappeplan

  1. De tuskenpersoan besprekt jo finansjele situaasje mei jo.
  2. De tuskenpersoan stjoert de oanfraach nei it Volwassenenfonds Sport & Cultuur.
  3. It Volwassenenfonds nimt kontakt op mei de sport- of kultuerferiening.
  4. It Volwassenenfonds regelet jo oanmelding en betellet jo abonnemint.

Sa kinne jo sûnder soargen meidwaan oan sport en/of kultuer. Oare dielnimmers witte net dat jo gebrûk meitsje fan dit fûns.

Filmke

Wolle jo witte hoe’t jo gebrûk meitsje kinne fan it Volwassenenfonds Sport & Cultuur? Gean nei it filmke ‘Hoe wurket it Volwassenenfonds Sport & Cultuur?’ (iepenet yn in nij ljepblêd).

Hoe heech is de fergoeding

Jo kinne maksimaal € 300,- yn it jier krije. Eventuele ekstra kosten moatte jo sels betelje.

Betingsten fergoeding

As jo ynkommen leger is as de bedraggen yn de tabel, kinne jo in fergoeding krije fia it Volwassenenfonds Sport & Cultuur. Dit binne bedraggen nei’t de belesting derôf helle is en sûnder fakânsjejild.

Is jo ynkommen heger, mar slagget it net om al jo rekkeningen te beteljen? Nim dan kontakt op mei in tuskenpersoan. Miskien komme jo dochs yn oanmerking.

Leeftyd/situaasje Allinnichsteande (âlder) Troud/tegearre wenjend
18-20 jier thúswenjend € 399,48 per moanne € 798,96 per moanne
18-20 jier útwenjend € 1.618,19 per moanne € 2.311,68 per moanne
21 jier oant AOW-leeftiid € 1.618,19 per moanne € 2.311,68 per moanne
AOW-leeftiid € 1.809,56 per moanne € 2.480,76 per moanne
Ferbliuw yn in ynrjochting € 568,76 per moanne € 924,18 per moanne

Gratis kultueraktiviteiten Kunstkade

Kunstkade hat gratis kennismakkingsaktiviteiten. Sa kin elkenien út de gemeente Ljouwert yn ’e kunde komme mei keunst en kultuer. Ek as jo net in soad jild hawwe. It oersjoch fan alle gratis aktiviteiten fine jo op de website fan Kunstkade. (iepenet yn in nij ljepblêd)

Entûsjast

Binne jo nei de kennismakking entûsjast en wolle jo graach trochgean mei de aktiviteit? Hawwe jo hjir gjin jild foar? Dan kinne jo it Volwassenenfonds (iepenet yn in nij ljepblêd) brûke. Kunstkade helpt jo hjirby.

Regelingen foar jeugd en studinten

Jeugdfûns

Foar jeugd ûnder de 18 jier wurkje wy gear mei it Jeugdfonds Sport & Cultuur. Gean nei de webside fanJeugdfonds Sport & Cultuur (iepenet yn in nij ljepblêd) foar mear ynformaasje. In oanfraach wurket itselde as by it Volwassenenfonds Sport & Cultuur. Sa hoopje wy dat jongeren ek as se folwoeksen binne, trochgean mei de aktiviteiten.

Studintesportpas

Foar studinten dy’t sporte wolle hawwe wy in oare regeling. Wennesto yn de gemeente en studearrest (mbû, hbû of wû)? Dan kinst mei in sportpas foar maksimaal € 95,- yn it jier sporte by in hiel soad oanbieders. Gean foar mear ynformaasje nei de webside fan Leeuwarden Student Sport (iepenet yn in nij ljepblêd).

Help nedich by Jildsaken en Skulden

Mear ynformaasje of binne jo benijd nei de spulregels

Gean nei de webside fan Volwassenenfonds Sport & Cultuur (iepenet yn in nij ljepblêd).

Fragen of help nedich

Mar ynformaasje fine jo op de pagina Wolle jo help by Jildsaken en Skulden?