Fluch oan:

Fergoedingen foar bistefoer of bistedokterskosten

Der binne organisaasjes dy’t minsken mei in leech ynkommen helpe mei harren húsdier. Se kinne bygelyks helpe mei de kosten foar de bistedokter of mei foer foar jo húsdier. Let wol op: de organisaasjes hawwe regels en betelje net altyd alles. Freegje altyd goed wat jo krije kinne.

Check sels online regelingen en taslaggen

Wolle jo mear witte oer gemeentlike regelingen of taslaggen, lykas hiertaslach of ekstra jild om sporte te kinnen? Doch in check (iepenet yn in nij ljepblêd) op de webside De VoorzieningenWijzer en jo witte fuortdaliks wêr’t jo rjocht op hawwe en hoe’t jo dat oanfreegje kinne.

Gratis advyspetear

Wolle jo leaver mei-inoar sjen wat foar jo jildt? Freegje dan in gratis petear oan fia de webside fan De VoorzieningenWijzer (iepenet yn in nij ljepblêd).

Mear ynformaasje of help nedich?

Mar ynformaasje fine jo op de pagina Wolle jo help by Jildsaken en Skulden?