Fluch oan:

Preemje parttimewurk

Hoe heech is de preemje?

De hichte fan jo preemje is 25% fan wat jo mei jo parttime wurk fertsjinne hawwe. Der is wol in maksimum oan ferbûn. Oer de perioade dat jo in fergoeding krigen hawwe foar jo frijwilligerswurk, ûntfange jo gjin preemje. De hichte fan jo totale preemje kin hjirtroch dus feroarje. Rekkenfoarbyld:

  • Jo krije € 1.000,- bystânsútkearing per moanne.
  • Jo fertsjinje € 800,- mei wurkjen.
  • 25 % fan € 800,- is € 200,-.
  • Dy € 200 krije jo ekstra útbetelle yn maart en/of septimber.
  • Wurkje jo meardere moannen? Dan krije jo mear ekstra jild.

Belangryk om te witten: jo bystânsútkearing bliuwt gelyk.

Jou jo ynkommen oan ús troch

Jo moatte jo ynkommen oan de gemeente trochjaan. Dat hyt ynljochtingeplicht. Mei de juste ynformaasje kinne wy in goede berekkening meitsje fan de dieltydpreemje. Sa krije jo it juste bedrach op jo rekkening. Hoe’t jo jo ynkommen trochjouwe, fine jo op de pagina Ik ha in bystânsútkearing en krij ynkomsten.

Betingsten

  • Jo binne 18 jier of âlder.
  • Jo wurkje parttime en ûntfange in bystânsútkearing.
  • Jo ynkommen is by ús bekend.

Wannear ûntfange jo de preemje?

De preemje wurdt elk healjier berekkene. Dat is fan jannewaris oant en mei juny en fan july oant en mei desimber. Wy betelje de preemje automatysk út as alle ynkomsten oer dat healjier by ús bekend binne.

Faak stelde fragen

Mei ik wurkje as ik in bystânsútkearing krij?

Ja, dat mei. Wurkje neist jo útkearing wurdt beleanne mei de dieltiidpreemje.

Moat ik it trochjaan as ik wurkjen gean wylst ik in bystânsútkearing ha?

Ja. Troch de ynljochtingeplicht moatte jo altyd melde dat jo wurkjen gean, yn hokker foarm dan ek. Fertel ús ek wat jo fertsjinje sille, sadat it bedrach fan jo útkearing kloppet.

Ik wurkje en krij in bystânsútkearing. Moat ik it jild dat ik fertsjinje ôfstean oan de gemeente?

De bystânsútkearing soarget derfoar dat jo ynkommen oanfolle wurdt oant it bedrach t dat foar jo jildt as bystânsgrins. Dêr boppe-op krije jo de dieltiidpreemje. Dat is dus in ekstra’tsje. De hichte fan de preemje ferskilt dus per persoan, ôfhinklik fan wat jo fertsjinne hawwe út wurk.

Kin ik ek fulltime wurkje neist myn bystânsútkearing?

Ja, dat mei. Fertsjinje jo mear as de bystânsnoarm dy’t foar jo jildt? Dan hawwe jo gjin útkearing mear noadich en stoppet dy.

 

Mear fragen en antwurden oer de dieltiidpreemje fine jo yn it dokumint Faakstelde fragen dieltiidpreemje.

Check sels online regelingen en taslaggen

Wolle jo mear witte oer gemeentlike regelingen of taslaggen, lykas hiertaslach of ekstra jild om sporte te kinnen? Doch in check (iepenet yn in nij ljepblêd) op de webside De VoorzieningenWijzer en jo witte fuortdaliks wêr’t jo rjocht op hawwe en hoe’t jo dat oanfreegje kinne.

Gratis advyspetear

Wolle jo leaver mei-inoar sjen wat foar jo jildt? Freegje dan in gratis petear oan op de webside fan De VoorzieningenWijzer (iepenet yn in nij ljepblêd).

Mear ynformaasje, fragen of help nedich

Mar ynformaasje fine jo op de pagina Wolle jo help by Jildsaken en Skulden?
Foar fragen nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.