Fluch oan:

Ik ha fragen oer opgroeien en opfieden

Hawwe jo fragen oer bygelyks min sliepen, it ytgedrach fan pjutten, pesten op skoalle, it mediawiis meitsjen fan jo bern, omgean mei in echtskieding of dreech gedrach fan pubers? Stel jo fraach oan it ‘Opvoedpunt Leeuwarden’.

Hjir wurkje pedagogen dy’t jo fragen beäntwurdzje kinne of meitinke kinne by help by it opfieden.

Ik wol graach help by it opgroeien en/of opfieden

Gean lâns by de buert- of doarpskeamer by jo yn ’e buert. Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.

It blykt dat ik mear spesjalistyske Jeugdhelp nedich ha

De sosjaal wurker fan Amaryllis ferwiist jo troch nei it Jeugdekspertteam fan de gemeente Ljouwert. Sy hawwe in oersicht fan de Jeugdhelp dy’t troch de gemeente ynkocht is. Dy ynkochte Jeugdhelp neame wy ek wol ‘Soarch yn Natura’. Dat betsjut dat de gemeente de oanfraach foar dy Jeugdhelp en de administrative saken foar jo regelet.

Wat is it Jeugdekspertteam?

De gemeente Ljouwert hat in Jeugdekspertteam. Dat team bestiet út Jeugdkonsulinten. Sy wurkje gear mei oare ynstânsjes. Sy soargje derfoar dat goeie Jeugdhelp ynset wurdt.

Spoed

Libbensbedriigjende situaasje?

  • Belje 112.

Húslik geweld of bernemishanneling of fermoedens dêrfan?

Mei spoed Jeugdhelp nedich?

  • Belje ‘Spoed4Jeugd’ op 0800-7763345. Sy binne dei en nacht berikber.
  • Mear ynformaasje fine jo op de website fan ‘Spoed4Jeugd’.
  • ‘Spoed4Jeugd’ biedt yn Fryslân spoedeaskjende (jeugd)help yn krisissituaasjes. Feroarsake troch gedrachsproblemen, opfiedproblemen, gesinsproblemen of psychyske problemen.

Mear ynformaasje?

Mear ynformaasje oer Jeugdhelp fine jo op de pagina Jeugdhelp.